Piet Oberman
Pieter Gerk Oberman (Piet) (Dantumawâld, 31 july 1908 - Dokkum, 14 novimber 1972) wie in houthanneler yn Dokkum.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid, oplieding en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Piet Oberman wie de soan fan houthanneler Douwe Pieters Oberman (1880-1949) en Elzerdina Frederica Tuininga (1882-1931) en kaam út in húshâlding fan trije bern. Pieter Gerk, syn folsleine namme, waard fuort bûten de Dokkumer stedsgrins berne, dat hij kaam offisjeel yn Dantumadiel op 'e wrâld. Nei de legere skoalle siet er trije jier op 'e Mulo, mei ûnder oaren de lettere fersetsman en freon foar it libben Harmen Kingma. Dêrnei kaam er by syn heit yn 'e saak. Yn augustus 1928 emigreare er lykme allinnich nei Kanada. Dêr libbe er trije jier as jager en lânbouwer yn it Kanadeeske doarpke Neilburg. Nei it ferstjerren fan syn mem healwei 1931 kaam er wer werom nei Nederlân. Sont begjin 1933 oant ein 1935 hie er syn eigen houthannel yn Middenmear. Yn 1936 kaam er wer werom nei Dokkum en naam de saak fan syn heit oer. Yn 'e oarloch hold er him yn de earste jierren dwaande mei it produsearjen en ferkeapjen fan hout foar houtgasgenerators. Nei de oarloch wist er syn houthannel út te bouwen ta de grutste fan Fryslân mei 70 wurknimmers.
1940-1945
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oberman hat in wichtige rol spile yn it Frysk ferset tsjin de Dútske besetter yn de Twadde Wrâldoarloch. Heal july 1944 folge er it twamanskip Krijn van den Helm en Pieter Wijbenga op as haad fan de KP Fryslân. Syn skûlnamme yn it ferset wie Piet Kramer. Al hie er ek in persoansbewiis op namme fan Sjoerd Hanja.
Ien fan syn bysûndere aksjes wie it heljen fan wapens út Drinte yn septimber 1944. Alliearde fleanmasines droppe op 20 septimber wapens op it Aalderfjild by Beilen. Mei de plysjeboat fan Snits geane seis man ûnder lieding fan Piet Oberman op paad. Yn fiif dagen farre se hinne en wer werom en komme mei in boat groatfol mei allerhande wapens wer yn Fryslân oan. Fiif dagen komme se net út 'e klean, mar de foldwaning is grut.
Yn de rol fan KP-foaroanman joech er fierders lieding oan 'e ferneamde oerfal op it Hûs fan Bewar (de Blokhûspoarte) yn Ljouwert, op 8 desimber 1944. In tige goed trochtocht plan foarme de grûnslach foar dizze kreak. It plan wie oan alle einen en kanten útwurke troch Piet Oberman en syn meiwurkers Egbert Bultsma en Willem Stegenga. De hiele aksje koe sa frijwol perfekt útfierd wurde. Op de jûn fan 8 desimber waarden 51 minsken, wêrûnder in protte út it ferset, troch har maten fan 'e KP út de sel befrijd. Der waard gjin skot by lost. Dy aksje wurdt sjoen as ien fan de grutste fersetsdieden yn de Twadde Wrâldoarloch.
Healwei april 1945 wist Piet Oberman kontakt te meitsjen mei de Kanadeeske troepen dy't op dat stuit it suden fan Fryslân ynkamen. Mei in goed útwurke plan wist Piet Oberman de kommandant fan dizze troepen sa fier te krijen om dwars troch Fryslân, dêr't it noch optilde fan 'e Dútsers, nei syn wenplak Dokkum te gean dat de Dútse liny's trochsnijd wurde soenen. Op 'e jûn fan 'e 14de april teach er nei in lange tocht mei de Kanadezen Dokkum yn.
Piet Oberman en De Overval (film)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1962 is de kreak fan it Ljouwerter Hûs fan Bewar ûnder de titel "De Overval" ferfilme. Oan it meitsjen fan de film giene tal fan petearen foarôf mei Piet Oberman en de oare oerfallers út 'e oarloch. De mannen woene dat de film sa ticht mooglik by de wurklikheid bliuwe moast. Piet Oberman hie ek in belangrike stim by it meitsjen fan it senario. Hy wie geregeldwei op 'e filmset te finen om nei te gean oft alles nei winsk wie fan him en de oare eartiidse fersetslju dy't de kreak útfierd hienen. De film feroarsake in flinke feroaring yn syn libben. Nei it útkommen derfan helle er om it hurtsje fia ynterviews de nasjonale deiblêden en waard er as ien fan 'e meast foaroansteande fersetslju sjoen. Sa hearde er bygelyks by de oanwêzigen by de doop fan prins Willem-Alexander yn 1967.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn novimber 2022 ferskynde de biografy fan Piet Oberman fan skriuwer Hessel de Walle, Piet Oberman. De man en de mythe.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dol, Jacobus, Levensverhaal van Jacobus Dol, Dokkum, 1974 (Eigen behear).
- Tolsma, Reinder (eindredakteur), Op de Praatstoel - 2, Dokkum, 2013 (Historische Vereniging Noordoost Friesland), ISBN 978909027680.
- Walle, Hessel de, De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 9789492052599.
- Walle, Hessel de, Piet Oberman. De man en de mythe, Dokkum, 2022 (Wijdemeer), ISBN 9789492052872.
- Wijbenga, Pieter, Bezettingstijd in Friesland, deel I-III, Leeuwarden, 1970-1985 (De Tille), ISBN 907001064X.
- Ypma, IJsbrand Nicolaas, Friesland Annis Domini, Dokkum, 1953 (Vereniging Friesland 1940-1945).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|