Pia Dijkstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pia Dijkstra, 1997
Pia Dijkstra yn 2010

Pytsje Aafke (Pia) Dijkstra (Frjentsjer, 9 desimber 1954) is in Nederlânske televyzjemakster, sjoernaliste, presintatrise en Twadde Keamerlid foar D66.

Hja waard berne yn Frjentsjer as dochter fan in menniste ûnderwizer. Sy gie earst nei skoalle yn Tytsjerk en ferhuze as beuker nei Snits. Nei it Steedlik Gymnasium Ljouwert ferfart Pia Dijkstra nei Amsterdam om teology te studearjen. Yn 1978 feroaret har libben troch it tafallige moetsjen fan YKON-meidogger Jan Stroes. Sy giet oan't wurk by de IKON as foarljochtster, radiomeiwurker en regisseur fan tsjerketsjinsten en arbeidet dêr seis jier.

Yn 1984 giet sy oer nei de Wrâldomrop dêr't hja programmamakker en presintatrise is. Twa jier letter giet hja nei Hier & Nu Radio fan de NCRV en yn 1988 wurdt hja ien fan de fêste nijslêzers fan it NOS Sjoernaal. Op 14 july 2000 presintearret se foar it lêst it NOS Sjoernaal. Yn oktober fan itselde jier stapt se oer nei de AVRO om foar dy omrop Hoe Bevalt Nederland, Tien Lastige Vragen, Studio 2 (in gearwurkingsprogramma fan omroppen dy't op Nederlân 2 útstjoere), Vinger aan de Pols en Eén Vandaag te bringen.

Op 8 april 2008 waard Pia Dijkstra foarsitter fan de Taskforce DeeltijdPlus, dy't fanwege wurkjouwers, wurknimmers en oerheid froulju mei in dielbaan oantrune moast om langer te arbeidzjen.

Pia Dijkstra wennet yn Utert en is troud mei Gerlach Cerfontaine. It pear hat trije soannen.

Pia Dijkstra stie op it 13e plak fan de gadingmakkerslist fan D66 foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2010 en waard mei 15.705 foarkarstimmen keazen, mei mar 11 stimmen oer de kiesdrompel.

Pia Dijkstra is wurdfierder Folkssûnens, Wolwêzen, Sport en Emansipaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: