Peter Sax
Peter Sax (Eversbüll (op Strân), 6 septimber 1597 - Koldenbüttel (Eiderstedt, Sleeswyk-Holstein), 23 april 1662) wie in noardfrysk boer en kronykskriuwer/geakundige.
Peter Sax wie in soan fan Sax Laurensen (1568-1648), in grutte boer yn Evensbüll. Syn mem Ida Jons (1578-1655) kaam fan Koldenbüttel en wie in nicht fan Anna Ovena Hoyers. Fan 1609 oant 1614 gie er yn Hüsem nei skoalle. Dêrnei gie er nei it Katarineum yn Lübeck, eardat er yn Wittenberg rjochten studearre. Om 1621 hinne sette er him nei wenjen yn Koldenbüttel, dêr't er de út Theodor Storm syn novelle bekende Staatshof behearde, dy't faaks troch syn mem by har houlik ynbrocht waard. As âlderling fan de tsjerke, bestjoerslid fan it wetterskip en earste fan de 12 Eiderstedtske riedslju besette er de twads wichtichste posysje yn de Eiderstedter Selbstverwaltung.
By de Burchardifloed fan 1634 gong ek Peter Sax syn bertedoarp Eversbüll tenûnder. Utsein in suster fan him oerlibbe de famylje de ramp. Faaks hat de katasrofe mei syn ferlies fan minskelibbens, lân en kultuerguod, Peter Sax der ta brocht om skriftlik materiaal, kaarten en mûnlinge oerleverings oer de skiednis fan syn bertegrûn by elkoar te bringen. Hy hold grutte útstallings oer topografy en skiednis fan ynearsten Eiderstedt en letter ek fan hiel Noardfryslân en Dithmarschen. Hy makke teffens sketsen by syn wurk en die der kaarten fan kartografen út syn tiid by, ûnder oaren fan Johannes Mejer. Syn úterst detailearre wurk is in wichtige boarne foar de skiednis fan Eiderstedt, dat al brûkt waard troch syn tiidgenoat pryster/kronykskriuwer Anton Heimreich, mar dat earst yn 1910 drukt wurde soe.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nova, totius Frisiae septentrionalis, Descriptio. Ein newe Beschreibung, der sembtlichen, im gantzen Nordfrießlande, am Cimbrischen Meere, gelegenen Landen, Insulen, und Ougen (1636)
- Descriptio, Insulae Nordstrandiae. Ein Beschreibung der Insul, vnd Landes Nordtstrand (1637)
- Annales Eyderstadiensium (1637)
- Frisia Minor, hoc est, Tabulae, Insularum et Peninsularum (mei fral histoaryske kaarten)
- Dithmarsia, Ein nötiger Vorbericht, und Historische Erzehlung, deß Zustandes, im Lande Dithmarschen, Auß Latein- Teuth- und Indländischen Scriptoribus (1647)
- Stam Bäume Etlicher Friesischen Eiderstettische Geschlechte (1655)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Harry Kunz: Grab von Peter Sax in Koldenbüttel. Yn: Erinnerungsorte in Nordfriesland, Nordfriisk Instituut, 25821 Bräist/Bredstedt, 2009, ISBN 978-3-88007-355-5 [1]
- Dieter Lohmeier: Sax, Peter. Yn: Schleswig-Holsteinisches Biographisches Lexikon IV; Neumünster 1976; s. 199-210
- Sax, Peter und Gemeinde Koldenbüttel (Hg.): Peter Sax 1597 - 1997. Festschrift zur Feier der 400. Wiederkehr seines Geburtstages. Verlag Nordfriisk Instituut, Bräist / Bredstedt, 1997