Penninysk berchtme
It Penninisch berchtme of de Penninen is in berchkeatling fan likernôch 400 kilometer langte yn it noarden fan Ingelân. It heechste punt is de Cross Fell yn Cumbria, fan 893 m.
Geografy [bewurkje seksje]
It bechtme foarmet fan súd nei noard in ûnûnderbrutsen berchrige fan it Peak District yn de Midlands (by Derbyshire) ôf, troch de saneamde Yorkshire Dales, parten fan de regio Grut-Manchester, it west-Penninyske feangebiet yn Lancashire en Cumbrian Fells oant oan de hichten fan Cheviot by de Skotse gryns (de Noard Penninen).
It berchtme is de meast wichtige wetterskiednig yn Noard-Ingelân en ferdielt it lân yn de westlike- en de eastelike gebieien.
- De rivieren de Eden, Ribble en de Mersey ûntspringe allegear yn it Penninysk Berchtme en rinne nei it westen ta nei de Ierske See.
- Oan de eastkant fan de wetterskieding streame de Tyne, Tees, Wear, Swale, Ure, Calder, Aire, Don en de rivier de Trent nei de Noardsee.
Klimaat [bewurkje seksje]
De westkant fan it berchtme kriget fanwege de meast westlike (see)wyn folle mear rein as de eastkant. Ut by de bergen omheechgeande lucht ûnstiet orografyske stigingsrein. Sa komt it dat yn Manchester yn it westen 806 mm it jier delslach hat en yn Leeds, dat sa'n 70 km eastlik fan de bergen yn it reinskaad leit, mar 660 mm it jier falt.