Ribble

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Ribble by Ribchester
Tijfloedgolf (bore) yn de Ribble
De mûning yn de Ierske See

De Ribble is in rivier fan 121 km lingte yn noardwest-Ingelân dy't begjint by de gearrin fan de Gayle Beck en Cam Beck, net fier fan it ferneamde Ribbleheadfiadukt. De rivier rint troch Noard Yorkshire en Lancashire. By it streamgebiet fan de Ribble behearre ek parten fan Greater Manchester yn de omkriten fan Wigan.


De Ribble streamt troch de plakken Settle, Clitheroe en Preston, foardat de rivier útmûnet yn de Ierske See tusken Lytham St. Annes en Southport.

De meast wichtige sydrivieren binne de Hodder en Calder dy't gearrinne mei de rivier ûnder Great-Mitton, en de rivier Darwen dy't him oanslut by Walton-le-Dale en as lêste de rivier de Douglas dy't ûnder Hesketh Bank by de Ribble komt.

De Ribble markearre de meast noardelike grutte fan it âlde keninkryk fan Mercia. Yn de tiid fan it Domesday Book wie de rivier de noardelike grins fan in stik grûn (Inter Ripam et Mersam) dat opnaam waard yn de Domesday-ynformaasje foar Cheshire, al wie it wierskynlik offisjeel gjin diel fan dat greefskip.

De rivier is streamôf fanstroom Preston geregeldwei útbaggere en by Preston is in haven. It estuarium is part fan de Ribble en Alt Estuaria en is in beskerme natuergebiet.

It streamgebiet fan de Ribble falt ûnder de Mersey Basin Campaign, in fennoatskip dat oprjochte is yn 1985 mei it doel de kwaliteit fan wetter en ouwers te ferbetterjen.

Preston City Council hat plannen útbrocht foar de bou fan in keardaam yn de rivier, yn har Riverworks-útstel. It doel fan dat útstel is it oanlizzen fan in wettersportpark yn in part fan de de Ribble, mei goed 4000 wenten en bedriuwen anneks.

De Ribble liket ek Belisama út de Romeinske tiid te wêzen. De iggen fan de Ribble wurde neamd as mooglik plak foar Kening Arthur syn tsiende slach, oan de ouwer fan in rivier Tribruit, dêr't Nennius op doelde yn syn Historia Brittonum.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]