Pelota

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pelote op in fronton yn Baskenlân
In pala of paleta, slachhout
In xistera of chistéra
Fronton libre yn Ustaritz

Pelota (Baskysk en Katalaansk: Pilota , Frânsk: Pelote fan it Latynske Pila) is in balsport besibbe oan it keatsen dy't yn ferskillende farianten spile wurdt yn Baskelân en Kataloanje, mar wêrfan yn Midden-Amearika al troch de Maja, Asteken en Tolteken in soartgelyk spul spile waard ûnder de namme Nahuatl (Asteeksk).

De lêste jierren binne der inisjativen om, foar it ûntwikkeljen fan mear ynternasjonale kompetysje, te kommen ta in beheind tal foarmen mei likense regels en materiaal.

Baskysk Pelota[bewurkje seksje | edit source]

It spul wurdt spile mei hurde massive gummyballen. Dêrby wurdt de bal mei de bleate han (Pelota mano) as mei in helpmiddel yn ien-tsjin-ien as mei meardere spilers ôfwikseljend tsjin de frontmuorre slein. Der binne fjouwer baantypes: it fronton libre (ien frijsteande muorre), it trinket (4 muorren, mei links in soarte fan ôfdakje), in fronton mei in linker muorre ("la mur á gauche", 2 as 3 muorren) en de Jai-alai baan (3 muorren). Troch de kombinaasje fan de baan en de brûkte helpmiddels binne der 22 farianten yn it Baskysk spul te beneamen. Dat oantal is feitlik noch grutter omdat de grutte fan de teams ek noch fariearet. De telling liket in soad op dy fan it Fryske keatsspul en tennis. Yn 'e regel wint it partoer dat as earste 22 punten hellet.

De "want" by it Pelota hat him yn ferskillende regio's ferskillend ûntwikkele. Fan in ienfâldich slachhout (Pala), fia in racket nei de meast ekstreme foarm, de Cesta, in flochten healrûne ferlinging fan de earm wêryn de bal opfongen wurdt en yn deselde beweging mei hege snelheid wer nei de muorre slingere wurdt. Mei dat materiaal is yn Amearika it saneamde Jai-alai ûnstien, de balsport wêrby de ballen de heechste snelheid helje (oant boppe de 300km yn it oere).

Yn 1929 is de Ynternasjonale Federaasje foar Baskysk Pelota oprjochte. Dizze federaasje organisearret fan 1952 ôf geregeld (earst om de 3 jier, fan 1958 ôf om de 4 jier) wrâldkampioenskippen yn de ferskillende farianten fan it spul.

Baskysk pelota wie yn 1968 (Meksiko) en 1992 (Barselona) demonstraasjesport op de Olympyske Spullen. Allinne yn 1924 (Parys} hat de sport op it offisjele program fan de Olympyske Spullen stien.

Falensiaansk Pelota[bewurkje seksje | edit source]

It meast kenmerkjende oan it Falensiaansk pilota is dat it altyd spile wurdt mei de bleate hân (dy 't lykwols wol mei plakteep mei dêrûnder tinne stikjes karton, hout as metaal beskerme wurdt.) Oer it algemien wurdt der ek net tsjin in muorre spile mar lykas by it spul yn it âlde Grikelân en it tsjintwurdige tennis steane de spilers tsjin inoar oer, wêrby it fjild opdield is troch in line of in net. In oar yn it each rinnend detail is dat de taskôgers har yn it fjild befine.

Falensiaansk pilota kin spile wurde op strjitte of yn spesjale kaatshallen, trinkets neamd, dy't dêr yn in grut ferskaat oan maten binne.

Der binne lykas yn Baskelân ferskate foarmen fan pilota, wêrfan escala i corda, raspall, galotxa en llargues it meast spile wurde.

De taskôgers fan it spul kinne weddenskippen slute, wêrby de trinkets en de spilers kommisje krije.