Pastorijwyk

Ut Wikipedy

De Pastorijwyk is in wyk yn de gemeente Smellingerlân. De wyk rint east fan Drachten besuden de folkstúntsjes en rint nei De Dammen tsjinoer de Steffensreed. It is ien fan in hiele soad wiken dy't yn noardeastlike rjochting rinne en yn de tiid fan de feanterij groeven binne. In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Pastorijwyk' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Pastoriewijk.