Passendale

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Passendale
De neoromaanske Sint-Audomarustsjerke
De neoromaanske Sint-Audomarustsjerke
Sifers
Ynwennertal 2,928 (1991)
Oerflak 22,22 km²
Befolkingstichtens 131,8 / km²
Hichte m
Polityk
Lân Belgje
Gemeente Zonnebeke
Provinsje West-Flaanderen
Oar
Postkoade 8980
Koördinaten
Lizzing fan de himrik yn de gemeente Zonnebeke

Passendale is in doarp yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen en op it heden in dielgemeente fan Zonnebeke. It leit op de hichterêch Passendale-Esen, dy't trochrint rjochting Westrozebeke.

Passendale is sûnt de Earste Wrâldkriich in begryp: hûnderttûzenen soldaten sneuvelen der op it slachfjild. Itselde jildt foar it tichtby lizzende Yper. Op de himrik fan Passendale leit it begraafplak Tyne Cot Cemetery. Passendale hat ek noch in New British Cemetery, in Canadian Memorial en in New Zealand Forces Memorial.

Omdat it Britske leger (Frânsktalige) Belgyske stafkaarten brûkte, mei de âlde skriuwwizen fan de Flaamske toponimen, is it plak yn Ingelske oarlochsliteratuer bekend as Passchendaele.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De oarsprong fan de namme Passendale leit fermoedlik by de Germaanske namme foar 'delling fan Pasko'.
It plak wurdt foar it earst neamd yn 844 as Pascandale, faaks is it neamd nei in Paulus, Pascan of Pasko. Yn de midsieuwen waard de regio bestjoerd troch de Augustynske abdij fan Zonnebeke en it Benediktynsk kleaster fan Nonnebossen. Beide waarden ferneatige by in byldestoarm yn 1580.

Yn de Earste Wrâldkriich waard it doarp folslein ferneatige. De Slach om Passendale waard beskreaun as in hel fan modder en fjoer, ien fan de meast bluodrige fjildslaggen fan alle tiden, dy't duorre fan 4 oktober oant 6 novimber 1917. Op 28 septimber 1918 waard it doarp definityf op'en nij op de Dútsers ferôvere troch it 4e Rezjimint Karabiniers en troch de Grenadiers. Twa strjitten binne neamd nei dy legerienheden.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Begraafplak Tyne Cot[bewurkje seksje | edit source]

Ferneamde lju út passendale[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]