Panfluit

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Panfluitspiler
Súd-Amerikaanske panfluit
Roemeenske panfluit

De panfluit is in fluit dy't opboud is út in tal oan de ûnderkant tichtmakke buizen fan ferskillende lingte. As materiaal wurdt foar de Súd-Amerikaanske panfluit meast bamboe brûkt. Dêrneist wurde ek panfluiten makke fan hout, glês of metaal. De namme panfluit komt fan de Grykske god Pan.

In panfluit wurdt bespile troch lucht oer de buis tsjin de râne te blazen. Elke buis hat syn eigen toan. Troch de panfluit te kanteljen kin de fluitist de toan mei wat oefenjen in bytsje sakje litte. It berik hinget fan it tal pypkes ôf en kin fariearje fan in oktaaf oant sawat trije oktaven. De toanhichte hinget (foaral) ôf fan de lingte fan de pypkes en (foar in part) fan de trochsneed. De panfluit kin wat ferstimd wurde troch lytse waaksboltsjes op de boaiem fan in pypke plat te drukken. In panfluit is foar in hobbyist frij ienfâldich sels te meitsjen, fan bamboe of b.g. PVC-buis.

Foaral yn Súdeast-Jeropa (Roemeenje) en Súd-Amearika wurdt op 'e panfluit spile. De foarm fan de panfluiten is oars neigeraden de kontreien dêr't er wei komt. Oarspronklik kaam de panfluit foar yn in soad parten fan de wrâld, sa't út argeologyske fynsten bliken docht, mar yn in soad gebieten is er yn ûnbrûk rekke. Roemeenje en it Andesgebiet binne kontreien dêr't it ynstrumint bewarre bleaun is.

Yn de santiger jierren krige de panfluit mear bekendheid troch de Roemeenske panfluitist Gheorghe Zamfir, in learling fan de legindaryske Fanica Luca. De panfluit wurdt troch de measte minsken assosjearre mei Roemeenske en Súd-Amerikaanske folksmuzyk, mar mei dit ynstrumint kinne ek hiel goede oare muzyksjenres spile wurde. Muzikanten as Simion Stanciu, Nicolae Pirvu en oaren ha sjen litten dat de panfluit him ek goed brûke lit foar it útfieren fan klassike muzyk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Skiednis fan de panfluit
"Hall of fame" - ferneamde panfluitspilers
Panfluitside fan Dave Pighills