Panamakanaal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Panamakanaal troch de Lâningte fan Panama
In skip fart troch de slûzen.

It Panamakanaal is in kanaal fan mear as 81 km lang yn it Sintraal-Amerikaanske lân Panama. It kanaal ferbynt de Atlantyske Oseaan mei de Grutte Oseaan. It kanaal is fan tige grut belang foar de ynterkontinitale skipfeart omdat de skippen net om Súd-Amearika hinne hoege te farren. It kanaal is ek de geografyske swette tusken de beide Amearika's.

Bou[bewurkje seksje | edit source]

De Frânsman Ferdinand de Lesseps, dy't ek it Suezkanaal oanlein hie, begûn yn 1880 mei de bou fan it kanaal doe't it gebiet Panama noch by Kolombia hearde. In soad arbeiders stoaren by de oanlis troch malaria en giele koarts. Yn 1881 waard it wurk stillein en yn 1889 gong it boubedriuw fallyt. It tal deade arbeiders yn dy tiid wurdt op 22.000 rûsd.

Yn 1903 skiede Panama him fan Kolombia ôf. In jier letter waard de bou fan it kanaal fuortset. Neffens in ferdrach tusken ien fan de oanstichters fan de Panameeske ôfskieding en it Amerikaanske regear soe in stripe lân fan sa'n 8 kilometer oan beide kanten foar altyd oan de Feriene Steaten oerdroegen wurde. By de twadde kear stoaren minder minsken as yn de Frânske tiid, likernôch 5.600. It earste skip fear op 15 augustus 1916 troch it kanaal.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: