Oradea
Ut Wikipedy
Oradea (Hongaarsk:Nagyvárad, Dútsk:Grosswardein) is in stêd yn Roemeenje, yn Transilvaanje, ticht by de grins mei Hongarije. De stêd is it haadplak fan it distrikt (judeţ) Bihor. De stêd sels hat 206.527 ynwenners (2002); yn it stêdgebiet wenje likernôch 220.000 minsken. Oradea is ien fan de woltierigste stêden fan Roemeenje.
Etnyske groepen [bewurkje seksje]
Yn Oradea wenje njonken Roemenen in tal etnyske minderheden. Benammen de Hongaarske minderheid is fan betsjutting. In folkstelling yn 2002 jout it neikommende byld (de lytste minderheden binne net meinaam):
- Roemenen 70,4%
- Hongaren 27,5%
- Roma 1,2%
- Dútsers 0,3%
- Slowaken 0,2%