Oberwesel

Ut Wikipedy
Oberwesel
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein
Sifers
Ynwennertal 2.813 (2021)
Oerflak 18,08 km²
Befolkingsticht. 156 ynw./km²
Hichte 75 m
Oar
Postkoade 55430
Koördinaten 50° 6' 40" N 7° 43' 17" E
Offisjele webside
Side Oberwesel
Kaart
Oberwesel (Rynlân-Palts)
Oberwesel

Oberwesel is in stêd oan 'e Middelryn yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis.

Oant 1 jannewaris 2020 wie it plak it bestjoerlike sintrum fan 'e ferbânsgemeente Sankt Goar-Oberwesel. Sûnt 2020 heart de stêd troch fúzje mei de ferbânsgemeente Emmelshausen by de ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein, dêr't Emmelshausen it haadplak fan is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Us Leaffrouwetsjerke

Lykas mear plakken yn 'e omkriten hat Oberwesel mooglik Keltyske woartels. De namme fan Oberwesel fynt de oarsprong mooglik yn it Romeinske Volsolvia, dat letter it Frankyske Fiskus waard en yn 966 troch Otto I as Weselia oan it aartsbisdom Maagdeburch jûn waard. Yn 1220 waard de stêd wer in frije ryksstêd en lid fan it Rynlânske Stedsbûn. Oberwesel rekke dy status yn 1309 lykwols kwyt en bleau sûnt, oant de sekularisaasje yn 1802, ûnder it bestjoer fan Karfoarstendom Trier. Yn 'e saneamde Weseler Kriich yn 1390 en 1391 besocht de stêd nochris oan 'e Trierse hearskippij te ûntkommen, mar nei in belis troch de aartsbiskop Werner fan Falkenstein moast de stêd belies jaan.

De wynbou, fiskerij, hannel en ambachten joegen de stêd de nedige middels om in begjin te meitsjen mei de bou fan stedsmuorren yn 1220. Yn 'e 14e iuw waarden de muorren fierder fersterke mei de bou fan 21 tuorren. Dêrfan bleaune mei de muorre 16 bewarrre. De wolstân fan 'e stêd waard ek wjerspegele troch de bou fan twa grutte, noch altiten besteande, tsjerken: de Us Leaffrou-tsjerke en de Sint-Martenstjerke.

Yn 1689 waard de stêd troch Frânske soldaten yn 'e Njoggenjierrige Kriich ferneatige. Oberwesel waard yn 1794 beset troch de revolúsjetroepen fan Napoleon en yn 1802 by Frankryk foege. Nei it Kongres fan Wenen kaam Oberwesel mei oare dielen op 'e lofter kant fan 'e Ryn, by it Keninkryk Prusen.

De sûnt 1689 ferfallen boarch fan Oberwesel, de Schönburg, waard yn 'e jierren 1880 wer restaurearre

Ôfbyldings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oberwesel fan Wikimedia Commons.