Nowodewitsjy-kleaster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Âlde foto fan it kleaster

It Nowodewitsjy Kleaster is ien fan de Moskouse kleasters dy't fersterke is middels in muorre en tuorren.

De "Katedraal fan God's Mem fan Smolensk" (op de foto it gebou mei de fiif sipels) waard stifte troch Wasili III yn 1524, omreden fan it betinken fan it ynnimmen fan de Litouske stêd Smolensk. De measte oare gebouwen binne ein 17e ieu delsetten yn opdracht fan regintesse Sofia, healsuster fan Peter de Grutte. Hja waard hjir foar de rest fan har libben opsluten troch Peter neidat hy har ôfsetten hie om sels har plak te nimmen op de troan.

Yn 1812 hawwe soldaten fan Napoleon besocht it kleaster op te blazen, mar de nonnen hawwe derfoar soarge dat dat mislearre. Yn 2004 waard it kleaster opnaam op de Wrâlderfgoedlist fan de FN.

In soad ferneamde Russen lizze hjir begroeven. Skriuwer Anton Tsjechov, operasjonger Fjodor Sjaljapyn en premier Nikita Krûtsjow hawwe harren lêste rêstplak hjir krigen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]