Novial

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Novial is in keunsttaal makke troch de Deenske taalkundige Otto Jespersen.

Jespersen hie earder wurke oan Ido en hy woe mei Novial in helptaal meitsje en dêrmei ynternasjonale freonskip ferbetterje. De taal wie yn 1928 foar it earst publisearre, yn syn boek An International Language (In ynternasjonale taal).

De grammatika fan Novial is ûntstean ûnder ynfloed fan it Ingelsk; de wurdskat komt fral út de Germaanske en Romaanske talen.

Yn 1930 publisearre Jesperen in oanpaste ferzje mei syn wurdboek Novial Lexike (Novial wurdboek). Der waard noch praat oer fierdere oanpassings mar nei Jespersen syn dea yn de Twadde Wrâldkriich ferdwûn de taal. Sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e ieu is der troch it Ynternet wer wat belangstelling foar kaam.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]