Nikifor Begitsjev

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nikifor Begitsjev
Poalskip Zarya un it Arktysk iis

Nikifor Aleksejevitsj Begitsjev (7 febrewaris/(19 febrewaris 187418 maaie 1927) wie in Russysk seeman en poalreizger.

Hy wie dielnimmer oan Baron Eduard Toll syn Russyske poalekspedysje fan 1900–1903 as de bosun fan it skip Zarya. Letter die er mei yn de Russysk-Japanske Kriich. Op fersyk fan it Noarsk regear yn 1922, late Nikifor Begitsjev in Sovjet sykekspedyske nei de bemanningsleden Peter Tessem en Paul Knutsen fan Roald Amundsen's ekspedysje (1918) mei de Maud, mar hy hie gjin súkses.[1] Begitsjev wie ien fan de ûndersikers dy't it Taymyr Skiereilân mei Nikolaj Oervantsjev yn 1923–1924 ferkenden. By dy ferkennings fûn er twa eilannen dy't letter nei him neamd binne: Bolsjoj Begitsjev Eilân en Malij Begitsjev Eilân.

Nikifor Begitsjev stoar by de oerwintering oan de mûning fan de rivier Pjasina. Yn 1964 hat men in monumint ta oantins fan Begitsjev oprjochte yn de delsetting Dikson.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. William Barr, The Last Journey of Peter Tessem and Paul Knutsen, 1919
  • William Barr, Baron Eduard von Toll's Last Expedition: The Russian Polar Expedition, 1900–1903
  • N. Bolotnikov. Nikifor Begichev, Moskow-Leningrad 1949