Taymyr Skiereilân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje Taymyr skiereilân
Lânseigen folk fan Taymyr
Lânskip fan Taymyr

It Taymyr Skiereilân (Полуостров Таймыр, Таймырский полуостров) is in skiereilân yn Sibearje; it foarmet it meast noardlike diel fan it fêste lân fan Euraazje en Aazje. It leit tusken de Golf fan Jenisej fan de Karasee en de Golf fan Chatanga yn de Laptevsee yn Krasnoyarsk Krai, Ruslân.

It Taymyr-mar en it Byrranga-berchtme lizze op it tige grutte Taymyr skiereilân.

It skiereilân soe it plak wêze dêr't de yn it wyld libjende muskusokse sa'n 2000 jier útstoarn is, alteast bûten Noard-Amearika.[1] Hja waarden dêr op'en nij ynbrocht yn 1975.[2]

Kaap Tsjeljoeskin, it meast noardlike punt fan it Euraziatyske kontinent, leit op it noardein fan it Taymyr skiereilân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Befolking

It Nganasan folk koe syn sjamanistyske praktiken oant yn de 20e ieu hanthavenje út reden fan de isolearre lizzing fan harren wenplak.[3]

[bewurkje seksje] Ekonomy

MMC Norilsk Nickel is de eksploitant fan de minen yn dizze kontrei. It bedriuw raant it nikkel út dizze kriten yn de stêd Norilsk, net fier fan it skiereilân. It nikkelerts en oare produkten fan it bedriuw wurde oer in koart spoar nei Dudinka oan de rivier de Jenisei ferfierd, en dêrwei mei it skip nei Moermansk en oare havensteden.

[bewurkje seksje] Klimaat

Tusken likernôch septimber en juny binne de kustwetters fan it Taymyr skiereilân beferzen. De simmers binne koart, fral oan de noardeast kust (Laptevsee).

It binnenlân fan it skiereilân hat in lânklimaat. De winters binne strang mei in soad sniestoarms en ekstreem lege temperatueren.

[bewurkje seksje] Bibliografy

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Referinsjes

  1. Science Daily
  2. Safari Club Foundation Recordbook entry on Bovids
  3. Hoppál 2005
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen