Nicolaus Knüpfer
Nicolaus Knüpfer (Leipzig, ± 1609 - Utert, oktober 1655) wie in Nederlânske keunstskilder fan Dútske komôf.
Ynhâld |
Libben [bewurkje seksje]
Knüpfer krige syn oplieding yn Leipzig by Emanuel Nysen[1]. Dan ferhûzet er nei Maagdenburch dêr't er kwasten makket foar keunstskilders, mar ferhûze letter nei Utert om by Abraham Bloemaert te arbeidzjen. Letter waard er selsstannich skilder yn Utert.
Hy die mei oan it dekorearjen fan it kastiel Kronborg yn Denemark, en skildere figuerkes yn de lânskippen fan Jan Both en Jan Baptist Weenix. Knüpfer wie in súksefolle en djoere learaar, dy't ûnder oaren letter grut wurden skilders as Jan Steen en Gabriel Metsu ta syn learlingen rekkenje koe.
Wurk [bewurkje seksje]
Knüpfer skildere behindige skilderijkes mei bibelske, literêre en mytologyske sênes, mar ek alledeiske sjenretafrelen. Syn figueren binne faak yn ienfâldige hâldingen werjûn en skildere mei flotte streken en wite aksinten.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nikolaus Knüpfer fan Wikimedia Commons. |
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
Referinsjes [bewurkje seksje]
- ↑ Nicolaes Knufter biography in De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) troch Arnold Houbraken (DBNL).