De Sint-Agatatsjerke datearret út it twadde fearn fan de 16e iuw, mar hat foar in part noch romaanske muorredielen.
Noardlik fan Nehren oan de Moselweinstrasse binne twa yn 1973-1974 rekonstruearre grêftimpels. De timpels binne op de âlde fûneminten boud fan twa romeinske grêfkeamers út de 3e-4e iuw n. Kr. Yn ien fan de grêfkeamers binne de oarspronklike beskilderings fan de muorren en it ferwulft foar in grut part noch oanwêzich.