Naomi Watts

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Watts by it London Film Festival op premiêre fan Eastern Promises
Watts mei Schreiber

Naomi Ellen Watts (Shoreham (Kent), 28 septimber 1968) is in yn Ingelân berne en yn Austraalje grutbrochte aktrise. Watts begûn hâr karriêre op de Australyske televyzje, dêr't sy ferskynde yn reklamespotsjes en yn tv-rigen, sa as de soap Home and Away, Brides of Christ en de 'sitcom' Hey Dad..!.

Sy is bekend fan har rollen yn films as Mulholland Drive (2001), The Ring (2002) en 21 Grams (2003), dy't har wrâldwiid omtinken en in Academy Award nominaasje opsmieten. Fierders hie sy in haadrol yn King Kong (2005), Eastern Promises (2007), en The International (2009). Yn totaal hat hja 25 filmprizen krige.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Watts hat in românse hân mei Heath Ledger en is ferloofd mei Liev Schreiber. Watts en Schreiber krigen op 25 july 2007 in soan, Alexander Pete Schreiber. Op 13 desimber 2008 krigen se in twadde soan, Samuel Kai Schreiber. Watts rekkent Nicole Kidman, ek in Australyske aktrise, ta har freonen

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]