Nagasaky

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nagasaky
Lokaasje fan Nagasaky yn de Nagasaky-prefektuer.

Nagasaky is in stêd yn Japan, it leit yn de prefaktuer mei deselde namme, Nagasaky. De stêd leit op it eilân Kyushu, it op trije nei grutste fan de Japanske eilannen. Op 1 april 2008 wennen der 445.172 ynwenners. De befolkingstichtens is 1100 ynwenners de kante kilometer. It oerflak fan de stêd is 406,37 kante kilometer. Sûnt 1 april 1997 hat Nagasaky de steatus fan kearnstêd.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Nagasaky is fan âlds in havenstêd. Yn de baai fan Nagasaky lei it keunstmjittige eilân Desjima, dêr’t earst de Portegezen op wennen om hannel te driuwen mei de Japanners, en dat letter oernaam waard troch de Nederlanners. De shogun sette fan 1614 ôf de kristenen út Japan, omdat de Nederlanners gjin oare yntinsjes hienen as hannel te driuwen en holpen by it ferdriuwen fan oare kristenen mochten sy op Desjima bliuwe. Fan 1641 oant 1853 wie de Nederlânske hannel fia Desjima it ienige Jeropeeske kontakt dat Japan hie.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Nagasaky nei de oanfal mei de atoombom.

Trije dagen nei’t de Feriene Steaten in atoombom op Hiroshima smiten hienen, waard op 9 augustus 1945 ek in atoombom op Nagasaky goaid, de bom hie de namme Fat Man. It doel fan de bom wie eins it ferwoasten fan de stêd Kokura, mar boppe dy stêd wie it bewolke en dêrom waard oerstapt nei it twadde doel, it yndustryële gebiet fan Nagasaky. De bom eksplodearre op 503 meter boppe de foarstêd Urakami en makke yn totaal likernôch 67.000 slachtoffers (39.000 deaden en 25.000 ferwûnen). Noch jierren letter easke de ioanisearjende strieling dy’t frijkaam út de bom in soad slachtoffers. Nei dy twadde atoombom kapitulearre Japan. De stêd Nagasaky waard nei de kriich wer folslein opboud.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Op 17 april 2007 waard de 61-jierrige boargemaster fan de stêd, Itchō Itō, yn de omkriten fan it treinstasjon fan Nagasaky deasketten. De dieder, Tetsuya Shiroo, is in lieder fan Suishin-kai, in groep dy’t besibbe is oan de Yamaguchi-gumi, de grutste Japanske misdiedorganisaasje.[1] It motyf fan de dieder is nei alle gedachten wrek fanwegen in auto dy’t troch weiwurksamheden skansearre rekke, wêrop de gemeente de skea net betelje woe.[2] Itō waard troch twa kûgels rekke, en stoar letter oan syn ferwûnings. Itchō Itō stie bekend as in frede-aktivist en wie tsjin it brûken fan atoomwapens.

Stêdeban[bewurkje seksje | edit source]

Nagasaky hat mei ferskate stêden in stêdebân:

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nagasaki Mayor Ito dies after being shot by gangster, Kyodo News, 18 april 2007 (sjoen op 4 desimber 2004)
  2. Burgemeester Nagasaki doodgeschoten, RTL4.nl, 17 april 2007 (sjoen op 4 desimber 2009)