Naches (rivier)

Ut Wikipedy
De rivier de Naches flakby Yakima

De rivier de Naches (Ingelsk:Naches River) is in sydrivier fan de rivier de Yakima yn it midden fan de Amerikaanske steat Washington. De totale lingtme fan de rivier is 121 km. De rivier ûntspringt yn it Cascades berchtme by Naches Pass op de grinspunt fan Yakima County, Kittitas County, King County en Pierce County, justjes eastlik fan Mount Rainier op in hichte fan 1786 m. De rivier rint nei it easten ta del fan it Cascades berchtme. De rivier begjint as de Lytse Naches (Little Naches River) en nei 32 km wêr't de Bumping River yn de Naches útmûnet, wurdt de rivier gewoan de Naches neamd. De rivier mûnet út yn de Yakima yn de stêd Yakima op in hichte fan 329 m. De Naches is de grutste sydrivier fan de Yakima kwa wetterôffier: 113 m³ de sekonde. De namme fan de rivier komt fan de yndiaanske wurden naugh, wat fluch of rûch betsjut en chez, wat better betsjut.

Sydrivierren binne:

  • Tieton River
  • Bumping River

De Naches foarme in wichtige east-west ferbining troch de Cascades. De yndianen en letter de blanken brûken dizze ferbining.

It hegere part fan de rin fan de rivier rint troch bercheftich gebiet en foarmet de gins tusken Yakima County en Kittitas County en it legere part rint yn Yakima County en rint troch de delling fan Naches, wêr fruithôven en oare yrrigearre lannen binne en it doarp Naches wêr de rivier troch streamt. De rivier foarmet dus in boarne foar yrrigaasje doelen. De rivier is part fan it bekken fan de rivier de Kolumbia, om't de Naches in sydrivier fan de Yakima is en dy op syn bart wer in sydrivier fan de Kolumbia is.