Mount Rainier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mount Rainier út it noardeasten sjoen

Mount Rainier (útsprutsen: /reɪˈnɪɘr/) is in stratofulkaan yn it Cascadesberchtme 87 km besúdeasten fan Seattle yn de Amerikaanske steat Washington. It is mei syn 4392 m hichte de heechste berch yn de Cascades en yn de steat Washington. De berch en it omlizzende gea hearre by it Mount Rainier National Park.

Mei syn 26 grutte gletsjers is Mount Rainier de berch mei de measte gletsjers yn de 48 tsjininoaroanlizzende steaten op it fêstelân fan Noard-Amearika. 91 km² fan it gebiet is hieltyd bedutsen mei snie en iis. Fierder binne der twa fulkanyske kraters, mei elts in diameter fan 300 meter. Geotermyske hite út de fulkaan hâldt de kraters frij fan snie en iis, en hat in útwreide netwurk fan gletsjergrôten foarme. In lyts kratermar, de heechste fan Noard-Amearika, leit yn it djipste punt fan de westlike krater. Dit mar is allinne troch de grôten te berikken.