Museum van Bommel van Dam
Museum van Bommel van Dam is in museum foar moderne keunst yn Fenlo yn de Nederlânske provinsje Limburch dêr't skilder- en tekenkeunst, byldhoukeunst en fotografy útstald wurdt. It is in ûntwerp fan Jos van Hest
It museum is 16 oktober 1971 oprjochte troch it Amsterdamse pear Maarten en Reina van Bommel-van Dam, dy't nei de Twadde Wrâldoarloch út ein setten mei sammeljen fan keunst. Maarten van Bommel wie bankier en in leafhawwer fan keunst.
Yn 1969 wie harren wente yn Amsterdam te lyts wurden foar de kolleksje. It pear besleat doe om harren goed 1100 skilderijen, tekeningen, printen en bylden oan de gemeente Fenlo te skinken ûnder it betingst dat de samling plak yn in museum krije soe, der in wenning njonken it museum foar it pear beskikber kaam en se frije tagong ta it museum krigen fia in binnendoar.
Yn 1971 waard it nei it pear ferneamde museum iepene.
Maarten van Bommel is yn 1991 ferstoarn. Syn frou Reina van Bommel (Voorthuizen, 31 desimber 1910), rekke op 29 july 2008 wei. It museum die mei oan it Dútsk-Nederlânsk gearwurkingsprojekt Crossart tusken 2004 en 2010.
Sûnt 2014 kin elts dy't dat wol in stik muorre yn it museum hiere.[1]
Ferhuzing en privatisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1 novimber 2017 is it museum tydlik sletten fanwegen de ferhuzing nei it tsjinoerlizzende eardere Haadpostkantoar Keulse Poort. Neffens it plan soe it museum ein 2019 wer iepen wêze moatte. Tagelyk wurdt it museum privatisearre. De museumstichting wol in oare koers farre om mear besikers te lûken.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Museum Van Bommel Van Dam fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|