Muasem (Söl)

Ut Wikipedy
Muasem (Morsum)
Sint-Martentsjerke
Sint-Martentsjerke
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
Regio Noard-Fryslân
Stedsyndieling Söl
Sifers
Ynwennertal likernôch 1100
Oar
Postkoade 25980

Muasem (Dútsk: Morsum) is in plak op it eilân Söl (Sylt) yn Noard-Fryslân.

It klif fan Muasem

By Muasem leit de Hindenburgdaam, dy't it eilân mei it fêstelân ferbynt.

Yn de 9e iuw wie it ien fan de earste plakken dêr't de Friezen harren op Söl nei wenjen setten en oant de 17e iuw wie it it grutste doarp fan it eilân.

De measte strjitnammen fan it plak binnen Frysktalich. It Sölring, ien fan de Noard-Fryske dialekten, wurdt noch jimmeroan praat yn Muasem, ek al nimt it tal sprekkers tsjintwurdich hurd ôf.

Krekt wat bûten it doarp leit de doarpstsjerke. De 12e-iuwske Sint-Martentsjerke is tegearre mei de tsjerke fan Kairem (Keitum) de âldste tsjerke fan it eilân.

Muasem leit yn it easten fan it eilân temidden fan in heidelânskip. Tusken de Hindenburgdaam en it doarp leit oan de Waadkant oer in lingte fan goed 2 kilometer it Muasemer Klif, in beskermd stik natoergebiet dat ryk is oan fossilen.