Mona Lisa
De Mona Lisa is in wrâldferneamd oaljeferfskilderij, skildere troch Leonardo da Vinci. De technyk dy't er der by brûkt hat is oaljeferve op paneel (popelierehout). De ôfmjittingen binne 77 × 53 sm. Da Vinci hat it skilderij tusken 1503 en 1507 skildere.
It skilderij is fral ferneamd wurden troch de glimk fan de Mona Lisa, dy't faak as 'mysterieus' omskreaun wurdt en dy't der bysûnder libbensecht útsjocht. Lykwols binne guons fan betinken dat de portrettearde hiel neutraal sjocht. Troch fergeliking fan dit skilderij mei oare skilderijen út it begjin fan de 16e ieu blykt hoe fier Da Vinci syn tiid foarút wie, fral troch it brûken fan syn sfumato-skildertechnyk. Wat ek opfalt is dat de linker hoarizon leger leit as de rjochter. Dat optysk middel hat er wierskynlik brûkt om de kontraposto-hâlding fan it model te beklamjen.
Yn jannewaris 2008 makken ûndersikers fan de Universiteit fan Heidelberch bekend dat sy it bewiis fûn hienen dat it om Lisa del Giocondo giet. It bewiis hawwe sy fûn yn de oantekenings yn de kantline fan in âld boek, dy't twa jier earder al fûn waarden troch Dr. Armin Slechter. It boek wie oait eigendom fan Agostino Vespucci, in bekende fan Da Vinci dy't foar it stêdsbestjoer yn Firenze wurke[1].
De opdrachtjouwer hat it skilderij nei alle gedachten nea yn ûntfangst naam; oant no ta is net dúdlik wat de reden dêrfoar is. Da Vinci naam it skilderij mei doe't er oan it hôf fan de Frânske kening Frans I oan't wurk gie.
Nei de dea fan Da Vinci yn 1519 is it skilderij wierskynlik yn besit kaam fan de Frânske kening. It hinge yn de 16e ieu yn it kastiel fan Fontainebleau. Yn de rin fan de tiid hat it in protte hichte- en djiptepunten kend. It hong yn de sliepkeamer fan Napoleon Bonaparte, mar hat ek inkele desennia op in stoffige souder lein. Sûnt de 18e ieu befynt it skilderij him yn it Frânske nasjonale museum, it Musée du Louvre yn Parys.
Op 21 augustus 1911 waard de Mona Lisa op ljochskyndei stellen. De folgjende dei ûntduts de skilder Louis Béroud de dieverij. De dieverij waard wrâldnijs. It ûndersyk rûn al gau dea. Earst twa jier letter waard de dief fûn. Vincenzo Peruggia, meiwurker fan it Louvre, hie him yn in biezemkast ferstoppe en wie tsjin slutingstiid mei it skilderij ûnder de earm it museum útrûn. Peruggia wie in Italjaansk patriot dy't fûn dat it skilderij yn in Italjaansk museum thús hearde. Neidat Peruggia it skilderij twa jier yn syn appartemint bewarre hie, waard er ûngeduldich en besocht it te ferkeapjen oan de direksje fan it Uffizi yn Florâns. Hy waard pakt en it skilderij makke in toernee troch Itaalje foardat it yn 1913 weromjûn waard oan it Louvre. Peruggia waard in Italjaanske held en brocht mar in pear moannen yn de finzenis troch.
Yn 2004 waard bekend dat meiwurkers fan it Louvre yn noed sitte oer de steat dêr't it paneel har yn befynt. Dit paneel, fan popelierehout, lûkt krom. Om de reden dêrfan te efterheljen is yn april 2004 útein set mei in wittenskiplike stúdzje fan it skilderij.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mona Lisa fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |