Michail Nesterov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Michail Nesterov yn ±1900/1910

Michail Vasiljevitsj Nesterov (Russysk: Михаил Васильевич Нестеров) (Oefa, 19 maaie 1862 - Moskou, 18 oktober 1942) wie in Russysk keunstskilder.

Nesterov, dy't út in keapmanslaach kaam, troude twa kear. Sy earste frou stoar koart nei de berte fan syn dochter. Nesterov studearre fan 1877 oant 1881 en fan 1884 oant 1886 oan de Moskouske skoalle foar skilderkeunst, byldhouwkeunst en arsjitektuer by Vasili Perov, Aleksej Savrasov en Illarion Prjanisjnikov. Fan 1881 oant 1884 studearre er oan de Keizerlike Akademy fan de Skoandere Keunsten ûnder Pavel Tsjistjakov. Yn 1889 sleat er him oan by in groep keunstners, de Swalkers. Fan 1890 oant 1910 wenne en wurke Nesterov yn Kiev dêr't er arbeide oan de freskos fan de St. Vladimir Katedraal en de Tsjerke fan it Fergriemde Bloed; doe yn Moskou, dêr't er wurke oan it Martha en Mariakleaster.

Nesterovs skilderij Fisioen fan de jonge Warfolomej út 1890 wurdt algemien beskôge as it begjinpunt fan it religieus Russysk symboalisme. Nei de Russyske Revolúsje skilderde Nesterov in protte portretten fan intelektuelen, sa as Pavel Florenski, Ivan Iljin, Ivan Pavlov, Ksenia Derzhjinskaja en Sergej Boelgakov.

As devoat Ortodoksk Kristen wie er tsjin de Bolsjewistyske Revolúsje, mar hy bleau yn Ruslân oant syn dea.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]