Ivan Pavlov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ivan Pavlov

Ivan Petrovitsj Pavlov (Russysk: Иван Петрович Павлов) (Rjazan, 14 septimber 1849 - Leningrad, 27 febrewaris 1936) wie in Russysk fysiolooch. De Pavlovreaksje is nei him neamd. Yn 1904 krige hy de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde. Yn 1915 de Copley Medal. De Nobelpriis krige hy net foar de sa ferneamd wurden ûndersikings nei de kondisjonearring (de Pavlovreaksje), mar troch ûndersyk nei de spiisfertarring. As onderdeel van dit onderzoek woe hy de flibeproduksje fan hûnen by it jaan fan ferskillende soarten fretten mjitte. Hjirby stuite hy lykwols op it ferskynsel dat de hûnen al flibe oanmakken noch foardat hy it fretten jûn hie, en sels as hy sûnder fretten sabeare die as't er se fuorre. Pavlov ûndersocht dit ferskynsel fierder, troch bygelyks 5 sekonden foar it fuorjen in bel rinkelje te litten. Nei in oantal kearen blykten de hûnen yndie by it rinkeljen fan de belle al flibe ôf te skieden. Dit hjit no kondysjonearre refleks, en it troch Pavlov ûntdekte ferskynsel hjit klassike kondysjonearring: as n prikel A (de belle) faker foarôfgiet oan prikkel B (it fuorjen) dat in bepaald gedrach (flibeproduksje) oplevert, dan sil op 'en doer prikel A al dat gedrach opleverje, ek sûnder prikel B. Om it ferskynsel fan de kondysjonearre refleks better te bestudearjen dienen Pavlov en syn studinten folle mear, systematyske eksperiminten.

Pavlov syn hûn, Pavlov Museum, 2005

Sokke kondysjonearjende prosessen soenen neffens guon behavioristyske psychologen de basis foarmje foar alle minsklike en dierlike learprosessen. Mei dizze gedachte stie men midden yn de geast fan de tiid, wêryn útfloeisels fan it darwinisme en it wittenskiplik materialisme de foarming fan in meganysk wrâldbyld yn neifolging fan Descartes befoarderen.

Ek Pavlov syn Russyske kollega's Ivan Setsjenov en Vladimir Bechterew wienen 'refleksologen'. Yn feite wie Setsjenov de earste Russyske psycholooch dy't eksperimintearre mei refleksen, mar Pavlov waard folle bekender as hy.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]