Meridiaan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De earste meridiaan yn Greenwich, Ingelân

In meridiaan, of middeibôge is in line oer it ierdoerflak fan de geografyske noardpoal nei de geografyske súdpoal. By útwreiding kinne meridianen ek op oare planeten tapast wurde.

In meridiaan is de snijline fan in flak troch de de ierdas, en ien punt op it ierdoerflak. Dizze line is de meridiaan fan dat punt. It is mooglik ûnbeheind sokke linen te lûken; lykwols is de grutste tapassing dy fan in geografysk koördinatestelsel. Utgeand fan in nulmeridiaan kin foar de meridiaan fan elts punt op it ierdoerflak de hoek fêststeld wurde tusken de flakken fan de twa meridianen. Dit kin dan as de iene ordinaat brûkt wurde, as oantjutting fan de east-west posysje.

Dit systeem is yn de 2e ieu betocht troch Ptolemaeus. Om't hy útgong fan mjttings fan de dei, definiearre hy de meridiaan as in line fan de punten dêr't it tagelyk middei waard. Meridies is Latyn foar middei. Om't dit stelsel op de Middellânske See tapast waard, dy't fan east nei west rint, waard it ferskil mei de nulmeridiaan de lingte neamd. Ptolemaios hie syn nulmeridiaan sa fier yn it westen dat gâns syn wrâld oan ien kant lei. Hjoed de dei kin in punt east of west fan de nulmeridiaan lizze, en de ordinaat hiet dan easterlingte of westerlingte.