Mem Gods fan Tichvin

Ut Wikipedy
Mem Gods fan Tichvin

De Mem Gods fan Tichvin is ien fan de meast fereare otterdokse ikoanen. Neffens in leginde soe de ikoan skildere wêze troch de evangelist Lukas of yn de 8e iuw yn opdracht fan patriarch Germanus I. Wat de komposysje fan de Tichvin-ikoan oanbelanget is it feitlik in subtype fan it ôfbyld fan de Hodegretia.

In oerlevering út de 16e iuw wol ha dat de ikoan yn in tiid fan ikoanoklasme op wûnderlike wize oer de see fan Konstantinopel nei Rome reizge. Nei de Triomf fan de Otterdoksy yn 843 reizge de ikoan op deselde wize werom nei Konstantinopel. Op in net te ferklearjen wize ferdwûn de ikoan 70 jier foar de Fal fan Konstantinopel (1453) om yn 1383 yn Ruslân op te dûken.

Neffens it manuskript "Ferhalen oer it Tichvin-ikoan fan de Mem Gods", wêrfan't de âldste werom geane op it ein fan de 15e en begjin 16e iuw, begûn de earste ferskining yn 1383 boppe it Ladogamar. Droegen troch ûnsichtbere ingels wiene de ynwenners dêrnei op sân ferskillende plakken tsjûge fan de ferskining fan it ikoan, foar it lêst by it wetter lâns de rivier de Tichvinka yn in tiid dat de bewenners fan dy omkriten noch net it kristlike leauwe oanhongen. Foar in soad Russen wie dat in oanwizing dat it Hillige Ruslân ornearre wie it Tredde Rome te wurden. Op it plak dêr't de Mem Gods foar it lêst ferskynde waard noch yn itselde jier in houten Himelfearttsjerke foar de ikoan boud.

Letter yn de tiid fan Vassili III (1505-1533) waard de houten tsjerke ferfongen troch in stiennen tsjerke. Ivan de Ferskiklike joech yn 1560 opdracht op it Marije-Himelfeartkleaster te stiftsjen.

De ikoan fan Tichvin sûnder riza

Doe't Sweedske troepen yn de jierren 1613-1614 ferskillende kearen besochten it kleaster te ferneatigjen, sochten de fromme Russen harren heil by de Mem Gods fan Tichvin. As troch in wûnder waard it kleaster sparre. By ien fan de drigende oanfallen besochten in pear muontsen mei de ikoan út te piken, mar it slagge harren net de ikoan fan it plak te krijen. De muontsen begrepen it as in teken om net te flechtsjen en seachen nuver op doe't in grut Moskovitysk leger foar de muorren ferskynde om it kleaster te ferdigenjen. By it sjen fan de fersterkings lieten de Sweden it belis sitte en lûken har werom. It nijs fan it wûnder gyng al gau troch it hiele lân en it kleaster waard troch mannichien fan kwizekwânsje oandien. Der waard in kopy fan de ikoan makke en nei Moskou brocht. Ek Novgorod krige in ikoan en it die al gau bliken dat ek dy replika's wûnderdiedich wiene. Troch de iuwen hinne krigen de ikoanen fan de Mem Gods fan Tichvin jimmeroan mear namme en yn it hiele lân krigen tsjerken sa'n ikoan. Guon dêrfan krigen ek wer de namme foar mirakels te soargjen.

Nei't de bolsjewiken it Himelfeartkleaster yn de jierren 1920 opheften, waard it kleaster oerdroegen oan it regionale museum. De ikoan bleau no as in museumstik yn de kleasterkatedraal oant yn 1941 de stêd in moannelang beset waard troch de nazy's. Hja namen de ikoan út it museum mei nei Pskov en yn 1944 nei Riga. De ikoan waard lang om let foar de feiligens troch in russysk-otterdokse biskop it lân útsmokkele, de lettere aartsbiskop fan de Otterdokse Tsjerke fan Amearika. Tusken 1949 en 2004 bleau de ikoan yn de Trije-ienheidskatedraal fan Chicago.

It Himelfeartkleaster fan Tichvin waard yn 1995 weromjûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en de tsjerken dêrfan waarden restaurearre en op 'e nij iepene foar de earetsjinst. De ikoan waard yn de simmer fan 2004 plechtich werom brocht nei syn histoaryske plak yn it Tichvin-kleaster. Doe't de ikoan op reis nei Ruslân nei lange tiid earst wer yn Riga kaam lieden alle tsjerkeklokken en stiene der 250.000 minsken yn de folle strjitten om de ikoan feestlik yn te heljen. Dêrnei gyng de ikoan nei Moskou, dêr't de ikoan likernôch in heal miljoen minsken op de fuotten krige. Op 8 july yn 'e moarntiid ferliet de delegaasje mei de ikoan it Moskouse Ladoga-stasjon yn in spesjale trein nei Tichvin, dêr't de ikoan nei it histoaryske plak brocht waard oer in wei dy't mei farske blommen besiedde wie.

De ikoan is foar it measte bedutsen mei in frame fan edelmetaal, dat belein is mei ealstiennen. Fan de ikoan binne allinne de gesichten, halzen en hannen fan Marije en Jezus te sjen. Fan Jezus binne ek de fuotten sichtber. Der is wol tocht dat der nea wat oan de ikoan feroare is, mar by in restauraasje die oars bliken. De ikoan is ferskillende kearen skjinmakke en restaurearre en hat trije lagen farve. By in restauraasje yn de 20e iuw binne de grykske karaktertrekken fan de gesichten wer hersteld, dy't yn de rin fan de tiid stadichoan ferlern gien wiene.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Тихвинская икона Божией Матери