Maywood

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Maywood yn Ren je rot yn 1981

Maywood wie in Nederlânsktalich popduo út Twellingea, dat bestie út de suskes Alice May en Caren Wood pseudonimen fan blonde Aaltsje (Harns, 20 desimber 1954) en Doetsje (Harns, 24 febrewaris 1952) de Vries.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Begjintiid en súksesperioade[bewurkje seksje | edit source]

De suskes de Vries begûnen al op jonge leeftyd te sjongen. Tegearre makken se sûnt begjin santiger jierren diel út fan ferskate groepen, wêrfan De Karina's yn 1974 de earste wie. Yn 1976 sieten se yn de countrygroep Colt 45 (mei ûnder oare Harry de Vroege alias Harry Laurens en ek bekend fan it duo Sterling), en it jier dêrnei foarmen se it duo The Lady Pop's.

Sûnt 1978 beslueten de suskes fierder te gean ûnder de namme Maywood. It Ingelsktalige rippertwaar waard skreaun troch Alice en bestie út faak teatrale ballades en dûnsbere popferskes. De produksje lei yn hannen fan eks-Kayak drummer Pim Koopman, dy't dêrmei syn earste produskjewurk die. De twadde single You treated me wrong waard yn 1979 Maywoods earste top 40-hit. Al kaam dat it net fierder as it 32ste plak, it markearre wol de trochbrek foar it duo en tagelyk it begjin fan in tige súksesfolle perioade. Der folgen al gau gruttere hits, dêr't it nûmer Late at night yn 1980 in nûmer 1-hit fan waard yn de Top 40 én de Nasjonale Hitparade. Der waarden platen útbrocht yn 52 lannen en op festivals yn West-Dútslân, Poalen, Japan en Korea waarden der prizen en ûnderskiedings yn de wacht sleept. Ek toerde Maywood troch Sweden, Finlân, Bulgarije, Yndoneezje en de Sowjet-Uny. Yn Spanje en Midden-Amearika ferskynde in elpee mei yn it Spaansk oersetten materiaal. Troch Stichting Conamus waard Maywood ûnderskieden mei de Sulveren Harp.

Eurovyzjesjongfestival[bewurkje seksje | edit source]

Healwei de jieren '80 waard it súkses minder. Utbrochte singles stûken yn de tipparade. Dochs waard Maywood yn 1990 foar Nederlân nei it Eurovyzjesjongfestival yn Zagreb stjoerd. It troch Aaltsje skreaune nûmer Ik wil alles met je delen moast Nederlân op it lietsjesfestyn einlik wer ris in topnotearring opleverje. Spitigernôch ferrûn de útfiering op it moment-suprême net hielendal flekkeleas. De karakteristike bachtrompet, dy't yn it nûmer siet, wie troch blunderjende technyk op it stuit dat dy bespile waard net te hearen. De oarsaak wie de mikrofoan, dy't net iepen stie. Maywood einige úteinlik mei mar 25 punten op in teloarstellend 15de plak.

De brek, de rjochtssaak en in stjergefal[bewurkje seksje | edit source]

Begjin jierren '90 waarden der noch inkele flopte singles útbrocht en yn 1995 gie Maywood definityf út elkoar. Aaltsje en Doetsje begûnen los fan elkoar in solokarriêre, mar sûnder súkses. Yn 1997 like it der eefkes op dat de susters wer by elkoar komme soenen, mar sa fier blykt it by eintsjebeslút net te kommen. Heal novimber brocht Alice Maywood de nije selsskreaune single Rise In The Morning út, mar it nûmer flopte. Doe't Caren in nije relaasje krige en oare prioriteiten stellen gie, ûntstie der spul tusken de beide susters. Yn de jierren dêrnei wie it tsierende twatal faak ûnderwerp fan de rabbelparse. Alice troude op 20 novimber 1996 mei sakeman Rob van Wijk. Yn febrewaris 1996 wie offisjeel fêstlein dat allinnich Alice tenei de namme Maywood brûke mocht, mar Caren hâlde har hjir net oan. Dêrom spande Alice yn 1999 in rjochtsaak tsjin Caren oan om har te beletten noch langer de namme Maywood te brûken. De fisepresidint fan de rjochtbank yn Arnhim stelde Alice May úteinlik yn it gelyk. Hja krige de rjochten omdat se de teksten en muzyk skreaun hie. Caren Wood mocht net langer de tafoegings Maywood en eks-Maywood brûke. Foar eltse oertrêding moast se 5.000 gûne betelje, oant in maksimum fan 250.000 gûne.

Op 30 desimber 2000 waard Alice hommels widdo doe't har man, Rob van Wijk, oan it hertstilstân ferstoar.

Comeback[bewurkje seksje | edit source]

Nei jierren spul hân te hawwen, waard yn 2004 oankundige dat Alice en Caren wer tegearre optrede soenen, mar it mislearre. Yn 2006 waard bekend dat Alice middels audysjes om in oare sjongster socht om Maywood nij libben mei yn te blazen. Dat waard úteinlik Rose Louwers, mei wa't Alice in comeback-optreden plande yn de Red & Blue Club yn Antwerpen. It optreden, dat op snein 3 desimber 2006 hâlden wurde soe, waard flak foar dy datum lykwols ôfsein. De gearwurking tusken Alice en Rose Louwers blykte dochs net te wurkjen. "Us karakters leinen te fier út elkoar", ferklearre Alice. "Ik haw in sterk omliste idee oer hoe't it klinke moat en hoe't de oanklaaiing wêze moat." Louwers ferdwûn wer yn de anonimiteit.

Alice giet mominteel allinnich it schnabbelcircuit ôf meri de grutste hits út it rippertwaar fan Maywood. Se siket lykwols wer om in nije partner. Die moat begjin 2011 fûn wêze, wêrnei't de comeback dochs noch komme moat. Der binne plannen foar in tournee en eventueel in nij album. Sels optredens yn it bûtenlân wurde net útsluten. "Wy hawwe noch altiten kontakten fanút ús súksesperioade", seit Alice yn in ynterview. "Fia de webside komme der faak fersiken binnen út lannen as Japan en Ruslân." Op de fraach oft se it net wer ris mei har suske besykje wol, seit se: "Wa wit. De wûnderen binne de wrâld noch net út."

Caren Wood makke begjin 2007 in trochstart sûnder sus Alice. Caren gie yn see mei lytskeunstner Henk Smaling en kaam wer op de planken mei in café chantant-eftich programma, Hotel Weemoed.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

Albums[bewurkje seksje | edit source]

  • Maywood, 1980
  • Different Worlds, 1981
  • Colour My Rainbow, 1982
  • Het beste van Maywood, 1983 sammelalbum
  • Beside You, 1987
  • Achter De Horizon, 1990
  • 6 Of The Thirties, 1991
  • De Hits Van Maywood, 1992 sammelalbum
  • Good For Gold, 1996, sammelalbum
  • Late At Night, 2003, sammelalbum

Singles[bewurkje seksje | edit source]

  • You treated me wrong, 1979
  • Mother, how are you today, 1980
  • Late at night, 1980
  • Give me back my love, 1980
  • Distant love, 1981
  • Rio, 1981
  • Mano, 1981
  • Get away, 1982
  • Star, 1982
  • I believe in love, 1982
  • Ask for Tina, 1983
  • Show me the way to paradise, 1983
  • Standing in the twilight, 1984
  • Lonely nights, 1985
  • When I look into your eyes, 1986
  • If you need a friend, |1987
  • Kom in mijn armen, 1989
  • Ik wil alles met je delen, 1990
  • You and I (Face to face), 1993

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: