Marijetsjerke (Marienchor)

Ut Wikipedy
Marijetsjerke

Marienkirche

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Marienchor
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1798
boustyl Klassisisme
monumintale status Kultuermonumint
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

De Marijetsjerke (Dútsk: St.-Maria-Kirche) is in protestantsk-grifformearde terptsjerke yn it Eastfryske Marienchor yn de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske tsjerke hat yn de roomske tiid nei alle gedachten in foargonger hân. In bewiis dêrfan is dat de tsjerke eartiids in klok besiet út 1479 fan Barthold Klinghe, de soan fan Ghert Klinghe. De namme fan de tsjerke ferwiist nei Us-Leaffrouwe, dêr't de tsjerke yn de roomske tiid oan wijd wie. Yn de midsiuwen hearde Marienchor by de proasdij Hatzum yn it bisdom Múnster, mar yn 1500 waard it plak by de Johanniterkommende Dünebroek oerdroegen.

Ynrjochting

Mei de reformaasje waard de gemeente ynearsten luthersk, mar de gemeente naam letter de grifformearde lear oan. Yn 1660 waard de lutherske dûmny ôfset. De âlde tsjerke waard yn 1668 troch in barokke preektsjerke ferfongen, dy't better paste de grifformearde earetsjinst. Yn de rin fan de tiid fersakke it gebou, om't in goed fûnemint ûntbriek en it gebou boppe in metersdikke turflaach stie.

Yn it lêste fearn fan de 18e iuw folge de ôfbraak fan de tsjerke en de bou fan in nije tsjerke. Allinne de eastlike muorre fan de âlde tsjerke waard wer brûkt by de nijbou. It jiertal 1798 boppe it portaal wiist op de foltôging fan it wurk. Yn de 19e iuw barste de Klinghe-klok, dy't yn 1861 troch Heinrich Ludwig Lohmeyer omgetten waard. De omgetten klok waard yn 1917 foardere om yn de wapenyndustry omraand te wurden.

Yn de Twadde Wrâldkriich stie yn de tsjerke dûmny Gerhard Bokeloh, dy't lid wie fan de Bekennende Kirche. Hy brocht fanwegen syn krityske preken oer de nazy's sûnt 1939 jierren yn de finzenis troch. Tsjintwurdich dielt de gemeente mei dy fan Böhmerwold de dûmny fan Jemgum. Yn de jierren 1970 waard de eastlike gevel troch in lokale mitselder op 'e nij opmitsele.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in lichtbôge houten tonferwulft. De houten preekstoel, de houten kastbanken en de brûnzen kroanluchter datearje út 1668. De kûp fan de preekstoel hat it ynskrift ANNO 1668 IS DISE STOLE GEMAKET. Foar de preekstoel stiet in ienfâldige nachtmielstafel.

Oan de westlike kant binne twa hearebanken ynboud. Yn it eastlike diel lizze yn de flier trije 18e-iuwske grêfsarken foar dûmny's.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynearsten hie de tsjerke in harmoanium út 1875. It tsjintwurdige oargelposityf waard yn 1953 troch de firma Alfred Führer boud. it hat trije registers op ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn 1962 waard it troch de gemeente fan in partikulier út Böhmerwold kocht en yn de tsjerke fan Marienchor set.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.