Marian Jager-Wöltgens
Appearance
M.A.J. (Marian) Jager-Wöltgens (om 1954) is in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jager har heit wurke yn Kerkrade by de Steatsminen. Yn 1982 kaam se yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf dêr't hja fan 1988 ôf trije jier wethâlder west hat. Fan 1991 oant 1994 wie se lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 2009 oant 2014 wie se op 'en nij wethâlder yn Boarnsterhim. Yn dat lêste jier wie Jager-Wöltgens in stikmannich moannenen waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. Sûnt 2015 is se lid fan it deistich besjoer fan it Wetterskip Fryslân.
Thijs Wöltgens, har âldere broer en partijgenoat, wie Earste en Twadde Keamerlid, mar ek boargemaster.
Kategoryen:
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Nederlânsk wethâlder
- Nederlânsk bestjoerder
- Frysk politikus
- PvdA-politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Frysk wethâlder
- Boargemaster fan Opsterlân
- Lid fan de Steaten fan Fryslân
- Frysk bestjoerder
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Limburchsk persoan
- Persoan berne yn 1954