Maria I fan Ingelân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Maria I fan Ingelân

Maria (Mary) Tudor (Greenwich, 18 febrewaris 1516 - Londen, 17 novimber 1558) wie keninginne fan Ingelân fan 1553 oant 1558 en ôfkomstich út it Hûs fan Tudor. Sy wie in dochter fan Hindrik VIII fan Ingelân en syn earste frou Katarina fan Aragón.

Maria hat letter de bynamme krigen ‘de katolike’ en” de bloedige” ek wol “Bloody Mary”. Maria krige de stimpel fan bastert doe't har heit him skiede liet fan Katarina. Se mocht ek gjin kontakt mear hawwe mei har mem. Nei de dea fan Anna Boleyn, Hindrik syn twadde frou, waard Maria wer oannomd. Letter hie se der wer spyt fan. My de erkenning moast se tajaan dat har heit it haad wie fan de Ingelske tsjerke en se moast har rol as bastert akseptearje. Maria bleau yn it geheim katolyk. Doe't har healbroer oan de macht wie Edward VI fan Ingelân waard har libben der ek net better op. Doe hie se it ek swier.

Doe't Edward ferstoar yn 1553 hie it protestantisme safolle oanhingers dat in rivale nei foaren kaam. Maria’s nicht Lady Jane Grey. Mar de minsken mochten Maria graach lije en al gau koe se de troan bestige. Nei njoggen dagen Jane Grey waard Maria keninginne. De earste moannen wie sy reedlik nei har eardere fijannen en tsjin de protestanten. Mar ein 1553 doe't se fersekere wie fan de stipe fan har neef keizer Karel V begûn se mei it werstellen fan it roomske geloof. Dit wylst in houlik mei Karel syn soan Filips II tarieden waard. Yn de oerienkomst nei oanlieding fan dat houlik waard bepaald dat Filips kening fan Ingelân hjitte soe mar gjin persoanlike macht krije soe. Ek mocht er gjin opfolger oanwize.

Maria wie gjin grut politka. Se woe troch it houlik stipe krije om Ingelân wer katolyk te meitsjen. Der kaam grut ferset tsjin it houlik. Under lieding fan Thomas Wyatt en de heit fan Jane Grey bruts in opstân út. Nei de ûnderdrukking derfan koe it houlik trochgean op 25 july 1554. Filips soe achttjin moannen yn Ingelân bliuwe. Dêrnei begûnen de fûleindige ferfolgingen fan de protestanten. De grûnlizzers fan de Anglikaanske tsjerke waarden it slachtoffer lykas Thomas Cranmer. Fandêr de namme Bloody Mary.

Maria fielde net folle foar dielname yn in kriich tsjin Frankryk tegearre mei Spanje. It parlemint woe dit ek net. Yn de maitiid fan 1557 krige Filips it dôchs foarmekoar om in kriichsferklearring tsjin Frankryk ôf te twingen. Dit wie de lêste kear dat se him seach. It houlik bleau berneleas.

Maria waard opfolge troch har healsuster Elizabeth I fan Ingelân. De dochter fan Anna Boleyn (de twadde frou fan Hindrik VIII fan Ingelân.