Manfred von Richthofen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Manfred von Richthoven
Jagdstaffel 11, mei Manfred von Richthofen yn syn reade Albatros D.III

Manfred Albrecht Freiherr von Richthofen, yn de Earste Wrâldkriich ferneamd as de Reade Baron (Breslau, 2 maaie 1892 - by Cappy, Frankryk, 21 april 1918) wie in Dútsk gefjochtspiloat. Yn de Earste Wrâldkriich hat Von Richthofen tachtich fijanlike fleanmasines delsketten, in score dy't nimmen oars helle hat yn dy kriich, sadwaande waard er de meast ferneamde gefjochtsfleander fan syn tiid.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Nei in koart skoft oan it Russyske front waard er augustus 1916 oerpleatst nei Frankryk.

Op 16 jannewaris 1917 krige er syn eigen eskader, Jagdstaffel 11, en op 26 juny fan dat jier krige er ek it bewâld oer Jagdgeschwader 1; in groep fan fjouwer 'staffeln' (eskaders), mei tastellen yn bûnte kleuren beskildere; de Ingelsken neamden it Richthofen's Flying Circus. De groep hie allinne Dútske elitefleanders.

Von Richthoven syn persoanlike Albatros D.III wie hielendal read skildere, wat him de bynamme 'Reade Baron' opsmiet. Hy sneuvele benei op july 1917 by in loftgefjocht, mar koe syn tastel oan de grûn krije. Op 2 septimber 1917 helle er mei de nije Fokker Dr.I-trijedekker syn sechtichste oerwinning. De Britten wienen sa benaud foar him dat de piloat dy't him delhelje koe in eigen fleantúch, £ 5000 en it Victoria Cross tasein waard.

Op 20 april 1918 makke er syn tachtichste en lêste slachtoffer; in Sopwith Camel fan de Royal Air Force. In dei letter sneuvele er sels boppe it slachfjild doe't er de Kanadees Wilfrid May leechfleanend efter siet. Der binne oanwizings dat er troch ien kûgel yn it hert rekke is, faaks fan in mitrailleur op de grûn. Undersyk hat útwiisd dat in Evans wierskynlik de skutter west hat, hoewol't ek kaptein Roy Brown, skutter Robert Buie en sersjant Popkin hawwe woene dat sy him rekke hienen.

It ferlies fan Von Richthofen wie in swiere klap foar it Dútske moreel.

It befel oer it "Flying Circus" gie 22 april 1918 oer op Hauptmann Wilhelm Reinhard, dy't letter by in testflecht omkaam; op 7 july 1918 waard hy opfolge troch de lettere nazi-foaroanman Hermann Göring.

De Reade Baron lei yn it earstoan bedobbe op it hôf fan Fricourt mar waard rillegau op'en nij begroeven op it Invalidenfriedhof yn Berlyn dêr't ek oare Dútske oarlochshelden lizze. Yn 1974 kaam Richthofen foar fêst yn it famyljegrêf yn Wiesbaden te lizzen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Joachim Castan, "Der Rote Baron – Die ganze Geschichte des Manfred von Richthofen", Klett-Cotta, Stuttgart 2007
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Manfred von Richthofen en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.