Manchester United FC

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Manchester United)
Manchester United
Oprjochte 1878
Plak Manchester
Stadion Old Trafford
Kapasiteit 75.957
Foarsitter Joel Glazer
Trener Erik ten Hag
Kompetysje Premier League
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

Manchester United F.C is in Ingelske fuotbalklup dy't oprjochte is yn 1878 en is ien fan de suksesfolste en ferneamdste fuotbalklups op 'e wrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1892 sleat Manchester har oan by de Football League, omdat sy harren sels by de oprjochting yn 1888 noch net goed genôch fûnen. Mids 1902 waard de namme feroare yn Manchester United. Manchester United spilet syn thúswedstriden op Old Trafford, in stadion mei in kapasiteit fan 76.312 plakken. De lêste útwreiding fan 7900 plakken waard realisearre troch de noardeast- en noardwesthoeke fan het stadion op te heegjen. Sels nei dizze útwreiding is it stadion foar eltse wedstriid útferkocht. Manchester hellet dan ek trochsnee it grutste tal taskôgers yn de Premier League.

De klupkleuren binne read, wyt en swart. Ien fan de belangrykste kenmerken fan de klup is de jeugdoplieding. Se binne ien fan de pear klups dy't der er yn slaggen om mei eigen jeugdspilers de top fan it Europeesk fuotbal te berikken.

Op 12 maaie 2005 is de klup yn hannen kommen fan de Amerikaanske sakeman Malcolm Glazer. Hy wie al twa jier dwaande mei in fijannige oername en betelle £800 miljoen, sa'n € 1,2 miljard. Sûnt 16 maaie wist hy 75 persint fan de oandielen yn hannen te krijen. Dit persintaazje is nedich om de klup fan de beurs te heljen. De klup is partner fan Unicef en treedt op as nasjonaal ambassadeur foar it bernefûns fan de Feriene Naasjes.

Fertsjinsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Premier League (19x)

1907/08, 1910/11, 1951/52, 1955/56, 1956/57, 1964/65, 1966/67, 1992/93, 1993/94, 1995/96, 1996/97, 1998/99, 1999/2000, 2000/01, 2002/03, 2006/07, 2007/08, 2008/09, 2010/11

FA Cup (11x)

1909, 1948, 1963, 1977, 1983, 1985, 1990, 1994, 1996, 1999, 2004

League Cup (4x)

1992, 2006, 2009, 2010

Community Shield (19x)

1908, 1911, 1952, 1956, 1957, 1965, 1967, 1977, 1983, 1990, 1993, 1994, 1996, 1997, 2003, 2007, 2008, 2010, 2011

Europakup I / UEFA Champions League (3x)

1968, 1999, 2008

Europakup II (1x)

1991

UEFA Super Kup (1x)

1991

Wrâldbeker Fuotbal (1x)

1999

Wrâldkampioenskip fuotbal foar klups (1x)

2008

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]