Mainade

Ut Wikipedy
In dûnsjende mainade op in Gryksk stik ierdewurk út omtrint 325 f.Kr., te sjen yn it Britsk Museum.

In mainade of maenade (Aldgryksk: μαϊνάδες, mainades) binne yn 'e Grykske mytology de tsjinstfammen fan Dionysus, de god fan wyn, dronkenskip en ekstatyske ferfiering. Dêrby kin ferwiisd wurde nei de nimfen dy't de wichtichste leden fan 'e entoeraazje fan 'e god foarmen, mar ek nei syn minsklike (froulike) oanhingers. De term 'mainaden' kin letterlik oerset wurde as "dwyljenden" of "wartaal útslaanden". Yn 'e Romeinske mytology stiene de mainaden bekend as bachanten of bacchae, de folgelingen fan Dionysus syn Romeinske wjergader Bachus. Se waarden dêr ek bassariden neamd, nei de gewoante fan Bachus om in bassaris of foksehûd te dragen.

Yn 'e myten út 'e Grykske Aldheid wurde mainaden gauris ôfskildere as nimfen of froulju dy't troch Dionysus ynspirearre wurde ta in steat fan ekstatyske ferfiering troch in kombinaasje fan dronkenskip en wylde dûnsen. Under dy rituëlen, dy't ornaris nachts op in ôfhandich plak yn 'e wyldernis plakfûnen, soene mainaden harren klaaie yn hûden fan hartejongen en in tyrsus by har drage, in lange stôk bewikkele yn klimmerblêd of druveblêden, mei oan 'e útein in dinne-apel. Ek soene se krânsen fan klimmerblêd op 'e holle drage of oars in helm yn 'e foarm fan in bollekop ta eare fan harren god. Fierders soene gauris slangen by har hawwe of oanreitsje.

It soe skoan kinne dat der yn 'e Aldheid wier sa'n soarte kultus om Dionysus hinne bestie, en dat de froulju dy't dêroan meidiene letter mytologisearre waarden as de "sljochtsinnige froulju" dy't yn it mytyske Nysa de minnen fan Dionysus wiene. Yn it toanielstik De Bachanten fan Euripides leit kening Penteus fan Tebe it near op 'e ferearing fan Dionysus, dy't syn folle neef is. As er dêrnei troch Dionysus it wâld yn lokke wurdt, falle de mainaden yn harren ekstatyske steat op him oan en skuorre him mei de bleate hân útinoar. It lyk fan Penteus wurdt dêrnei skeind troch syn eigen mem, Agave, dy't him de holle ôfskuort om't se mient dat it de kop fan in liuw is. Yn in oar ferhaal oer mainaden skuorre se Orfeus útinoar yn in orgy fan geweld, nei't dy wegeret om seks mei harren te hawwen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.