Madhukar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Madhukar, Advaita-master en skriuwer.

Madhukar (4 novimber 1957, Stuttgart) is in Dútse Advaita Vedanta – master en auteur.

Madhukar is berne en opgroeid yn Stuttgart. Nei syn stúdzje ekonomy en filosofy oan de universiteit wurke er as televyzje-sjoernalist yn Dútslân. Nei in benei dea-ûnderfining yn de tachtiger jierren, op ’e siik nei antwurden op de filosofyske en spirituele fragen fan it libben, hie er in ferljochtingsynsjoch. By it ôfrúnjen fan syn oplieding ta joga- en meditaasje-learaar kaam er ta it ynsjoch, dat syn sykjen noch lang net ta in ein kommen wie.

Yn 1992, doe’t er yn Yndia tahâlde, reizge er nei H.W.L. Poonja, in learling fan Ramana Maharshi. Dit waard syn master. Fan him krige er de namme Madhukar, letterlik oerset út it Sanskryt: huningbij, Leafste.

Sûnt syn weromkommen nei Europa yn 1997, ferkundiget hy de Advaita yn satsangs. De styl fan syn satsangs, en syn leafde foar hjoeddeiske muzyk en fuotbal, meitsje him ta in moderne goeroe. Madhukar wennet yn Amsterdam, mar giet winters nei Nepal.

Utjeftes[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]