Lytse Eyolf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lille Eyolf, troch Aleksander Golovin.

Lytse Eyolf, yn it oarspronklike Noarsk: Lille Eyolf, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Noarske toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur Henrik Ibsen (1828-1906). It ferhellet oer de dea fan in bern en de skuldgefoelens fan 'e âldelju. Lille Eyolf waard foar it earst publisearre yn 1894, en op 12 jannewaris 1895 foar it earste opfierd yn it Deutsches Theater yn Berlyn. De Fryske oersetting, fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra, kaam út yn 1990.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It stik fertelt it ferhaal fan 'e famylje Allmer. De heit fan it gesin, Alfred Allmer, is krekt werom fan in reis nei de bergen, dêr't er besletten hat om ynstee fan fierder te skriuwen oan it boek dêr't er mei dwaande is (dat net tafallich de titel Minsklike Ferantwurdlikheid draacht), him ta te lizzen op it grutbringen fan syn soan Eyolf. It jonkje is nammentlik ferlamme oan ien fan syn skonken, sadat er tige beskerme opgroeit. Sels wol er neat leaver as it libben fan in gewoane jonge liede, mar syn heit wit dat dat foar him nea mooglik wêze sil, en besiket him sadwaande yn 'e rjochting te stjoeren fan yntellektuële tiidferdriuwen.


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Koart nei't it stik iepene is, wurdt de húshâlding fan 'e Allmers besocht troch it Rottewiif, in frou dy't by steat is om rotten te betsjoenen en se nei see ta te lieden, dêr't se se fersûpe lit. De Allmers meitsje har dúdlik dat se gjin ferlet fan har tsjinsten hawwe, en it Rottewiif jout har ôf, mar noch Alfred, noch syn frou Rita, noch syn jongere suster Asta, dy't by harren ynwennet, merkt dat Eyolf har ta de doar út folget. Nei't it Rottewiif ôfset is, docht Alfred oan syn frou en suster syn plannen út 'e doeken om tenei in bettere heit foar Eyolf te wêzen, en derfoar te soargjen dat it jonkje nettsjinsteande syn krupsje lokkigens yn it libben fine sil. Wylst er noch oan it wurd is, komt de yngenieur Borghjem oan 'e doar, dy't syn sinnen op Asta setten hat. As dy beiden bûten wat omkuierje, bliuwe Alfred en Rita allinne efter, en dan komt foar it earst Rita har freeslik oergeunstigens oan it ljocht, dy't sa slim is dat se sels wol woe dat Eyolf nea berne wie, om't it jonkje Alfred syn oandacht fan har ôfliedt. Harren petear wurdt úteinlik ûnderbrutsen troch roppen en razen by de seekant: it docht bliken dat Eyolf it Rottewiif de see yn folge en dêr ferdronken is.

Alfred, Rita, Asta en Borghjem geane nei de see ta, dêr't Alfred rouwet om syn jonkje. Op 'e nij nimt Borghjem Asta earnewêr oars mei hinne, sadat de beide âldelju allinne efterbliuwe. Yn it petear dat dan folget, hat Rita it der mear oer dat se Alfred net misse kin, wylst Alfred tajout dat harren houlik fan syn kant mear om Rita har jild te dwaan wie, om't er Asta, foar wa't er ferantwurdlik wie, in better libben biede woe. Fierders jouwe se inoar de skuld fan Eyolf syn krupsje; it docht bliken dat er as poppe fan 'e tafel ôf fallen is, wylst de âldelju mei-inoar de leafde oan it bedriuwen wiene. Afred betichtet Rita derfan dat se him "ta har yn lokke" hat, wêrmei't se him ôflate fan syn plicht en tink om Eyolf.

Dan komme Borghjem en Asta werom. Borghjem hat Asta der wer net fan oertsjûgje kinnen om mei him te trouwen. As Afred en Rita har lykwols freegje om by harren te bliuwen en sa de leechte yn harren libben dy't feroarsake is troch de dea fan Eyolf wat op te foljen, sadat se harren skuldgefoelens wat delbêdzje kinne en harren relasjonele swierrichheden net ûnder eagen hoege te sjen, betinkt se har en jout se Borghjem dochs noch tawurd. Hja sette tegearre ôf wylst se plannen meitsje om nei it hege noarden te ferfarren. Underwilens wegeret Alfred noch altiten it soarte fan man te wêzen dat Rita sa graach hawwe wol. Rita beslút dêrop om fan no ôf oan har libben te wijen oan it helpen fan 'e earme bern dy't fuort oan see wenje. As hja dat seit, begjint Alfred him dochs wer ta har oanlutsen te fielen, dat hy beslút en bleau by har, sadat se tegearre boetedwaan kinne foar harren falen.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Lille Eyolf waard yn 1990 ûnder de titel Lytse Eyolf yn it Frysk oerset troch it bekende skriuwersduo Harke Bremer en Jarich Hoekstra. De 82 siden tellende fertaling waard útbrocht by Tryater te Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ibsen, Henrik, Lytse Eyolf (oers. Harke Bremer en Jarich Hoekstra), Ljouwert, 1990 (Tryater), sûnder ISBN; Tresoar oanfraachnû. 9295 fr folio bis.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.