Lytse Apolloflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lytse Apolloflinter
Parnassius pheobus.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Grutte Paazjes (Papilionidae)
soarte
Parnassius phoebus


De Lytse Apolloflinter (Parnassius phoebus) is in soarte yn it skaai fan de Parnassius.


Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De flinter komt yn Jeropa allinnich yn de Alpen foar. Yn de Frânske, Italjaanske, Switserske en Eastenrykske alpen. De flinter is tiger seldsum yn Lychtenstein en súd-Dútslân. De flinter fleant tusken de 1200 en 2800 meter. De measte populaasjes binne te finen tusken de 1800 oant 2200 meter. De Lytse Apolloflinter fleant yn de bergen foaral op fochtige plakken. Lykas by markes en of beekjes en plakken dy tydlik oerstreame.

De flinter is bot efterútgien de lêste 25 jier. Se binne dan ek kwetsber.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fleant fan begjin july ôf oant ein augustus.

De flinter[bewurkje seksje | edit source]

De flinter hat syn namme te danken oan de Grykske god Apollo. Apollo is ûnder oare de god fan it ljocht.

De rûp.[bewurkje seksje | edit source]

De weardplant de Saxifraga aizoides groeit op plakken wêr't it fochtich is. It wyfke leit de aaikes op de weardplant mar ek wol yn de buert derfan. De tige jonge rûpen oerwinterje yn it aai of der bûten as in healwaaks rûp. De folwoeksen rûpen binne dofswart mei op eltse side in rige oranjereade of giele plakken. Oan it begjin fan de simmer spinne se ûnderoan de waerdplant of op de grûn in kokon om harren dêryn te ferpopkjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

In lytse Apolloflinter yn Eastenryk