Lykstermar
De Lykstermar is de grutste mar fan Drinte. Hy is part fan it Drintsk-Grinslanner marregbiet en is op in natuerlike wize ûntstien. De mar omfiemet 335 hektare en is 1-1,50 meter djip.
De Lykstermar leit yn de gemeente Noardenfjild en makket diel út fan it gruttere Lykstermargebiet, in Natura 2000-gebiet. Foar de (Grinslanner) gemeentlike weryndieling rûn de provinsjegrins troch de mar, dêrnei is de grins op de noardlike ouwer komd te lizzen. De mar is neamd nei De Like.
De mar wurdt ek wol de Sultermar of Sulte neamd, nei de streek tusken Nijtap en Roan. It noardeastlik part wurdt ek wol Reidboar neamd.
It Lykster Haaddjip, de Leutingerwâlderpolder, de Roanerfeart en de Roderwâlder Matsleat komme yn de mar út. It wetter ferlit de mar fia it Lettelberterdjip oan de noardside en de Munnikesleat (of Munnikefeart) en de Gave oan de noardeastside. It Lettelberterdjip en de Gave komme beide út yn it Hoendjip.
In sâlt mar?
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Sulte wurdt wol ferklearre as: sâlt mar, omdat it oant de 16e iuw yn iepen ferbining stie mei de see. De ôfstân is lykwols te grut om fan ynfloed west hawwe te kinnen, ek omdat der tusken de mar en de see yn it ferline noch inkele silen west hawwe, nammentlik de Niesyl en it Aduardersyl.
-
De Lykstermar, sjoen fan it begjin fan it Lettelberterdjip ôf (2009)