Luniastins

Ut Wikipedy

De Luniastins stie yn Ondersmabuorren by Hallum, gemeente Ferwerderadiel. De fûneminten binne ôfdekt en net te sjen.

De oarsprong is ûnbekend, mar sil om 1200 lizze. Lunia is opnomd troch de hjir fûne fundearring fan in stins. De namme Lyonie wurdt foar it earst skreaun yn 1511, yn de namme fan de pachter Sipcke Lyonie. Mooglik is de nammejouwer Liudo, dy't om 1200 edelman yn Ondersmabuorren wie.

De 13e-iuwske fermelding giet oer dominus Waltetus de Underthum, dus "hear Waltet fan Ondersmaburen", dy't berne waard om 1170, en syn soan de edelman (vir nobilis) Liudo, berne om 1200. Lêstneamde troude mei Renniwer fan Merselum, (sjoch Marckla) dochter fan Dodo fan Merselum en Sitet, dochter fan Siard Rembrechta fan Rembrechtastins yn Marrum. Dochters fan Liudo en Renniwer wienen om 1270 non yn it kleaster Bethlehem. De neamde famyljes hienen ek yn eardere generaasjes mei Bethlehem en syn memmekleaster Mariëngaarde al yntinsive kontakten ûnderhâlden, net ferwûnderlik troch de lizzing fan Ondersmabuorren by Mariëngaarde.

Eigeners/hierders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • ein 12e iuw Waltetus de Underthum (?)
  • begjin 13e iuw Liudo (?)
  • Fedde Popkema eigener, Sipcke Lyonie pachter
  • 1540 Rixt fan Aebingha, widdo Peter fan Aylva, pachter Thyemme Lyonie
  • 1543 Riurd fan Aebingha

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, oordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981