Loek Hendrix

Ut Wikipedy
Loek Hendrix
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1985
sportive ynformaasje
sport Sitfollybal

Loek Hendrix (1985) [1] is in Nederlânske sitfollyballer. Hy spilet by de sitfollybalklup B.V.C. Holyoke út Belfeld. [2]

Op in bepaald stuit waard Loek Hendrix tige siik en moast er 3,5 moanne yn it sikehûs trochbringe. By it fuotballjen krige er in flinke traap, yn it sikehûs folgen in soad operaasjes. Sûnt dy tiid mist er in stikje út de kût. Nei it sykteproses en de refalidaasje wie it oer mei it sporten, hy koe net mear fuotbalje. Nei't er trije jier net sporten hie, kaam er ris te sjen by de sitfollybalklup B.V.C. Holyoke yn syn wenplak. Yn earste ynstânsje like it follybaljen ek neat foar him, mar stadichoan krige er mear ferlet fan sport. In oare sitfollyballer, Bjorn Moris dy't de oerstap makke hie fan it steandfollybal nei it sitfollybal, makke him entûsjast foar de sport. Dêrnei waard it sitfollybal syn nije sport.

Doe't er noch mar in pear moannen oan it spiljen wie, waard er belle troch de bûnstrener fan de Nederlânske ploech. Dat kaam as in grutte ferrassing, Loek waard frege oft er meitrene woe mei de Nederlânske ploech. Syn earste grutte toernoai wie it Europeesk kampioenskip yn 2007 yn Hongarije. Under dat toernoai learde er ek syn freondinne kennen.

Foar't Loek Hendrix de beheining krige woe er graach nei it CIOS, mar nei't er beheind rekke tocht er dat dat net mear koe. Letter die bliken dat it wol koe, hy folge dan ek it CIOS yn Arnhim.

It sitfollybal hat him in soad goeds brocht, hy hat leard om syn beheining te akseptearjen. Der lizze allegear plannen foar de takomst klear, sa wol er mei in sterke ploech op de Paralympyske Spullen fan 2012 yn Londen ferskine. Yn de oanrin dêrnei ta waard de Nederlânske ploech yn 2010, mei Loek Hendrix, tolfde fan de 24 dielnimmende lannen op it Wrâldkampioenskip yn de Feriene Steaten. [3]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Artikel oer Loek Hendrix fan volleybal.nl
  1. www.volleybal.nl
  2. Seleksje manljusploech by de NeVeBo
  3. "Nederlandse zitvolleyballers 12e op het WK ". Volleybal.nl