Lockheed U-2

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lockheed TR-1
In ER-2 fan de NASA foar eksperiminteel ûndersyk
Filmkamera wêr't de U2 mei útrist wie

De Lockheed U-2, byname Dragon Lady, is in strategysk ferkenningsfleantúch, ûntwurpen foar langduorjende operaasjes op grutte hichte, foar alle waarsomstannichheden by dei en nacht. De U-2 is dêrom útrist mei krêftige kamara's. De U-2 fleach foar de CIA. De U-2 waard ek brûkt foar elektroanysk sensor ûndersyk, de kallibraasje fan satelliten en kommunikaasjedoelen.

De U-2 had hat in rol spile by in tal wichtige barrens yn de Kâlde Kriich; by ferkenningen boppe de Sowjet Uny, de Folksrepublyk Sina, Noard-Fietnam en Kuba. Yn 1960 waard CIA-piloat Gary Powers by in flecht boppe Sowjetterritoarium delsketten, mei fan gefolgen fûle Russyske krityk op de Amerikaanske polityk

De U-2 bleau yn tsjinst nei de ein fan de Kâlde Kriich en is ien fan de tastellen dy't mear as 50 jier troch de USAF brûkt binne. It hat in rol spile by de konflikten yn Afganistan, Irak en by ferskate multynasjonale NATO-operaasjes. De rol fan de U2 wurdt anno 2014 hieltyd mear oernaam troch alternative apparaten en fleanmasines: ferkenningssatelliten, ûnbemanne drones (lykas de Northrop Grumman RQ-4 Global Hawk) en konvinsjonele fleantugen.

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

U-2A U-2S
Langte: 15,24 m 19,13 m
Fleugelspanwiidte: 24,38 m 31,39 m
Hichte: 4,57 m 4,88 m
Fleugeloerflak: 52,5 m² 92,9 m²
Tankynhâld: 2.370 l ?
Leechgewicht: ? 7.031 kg
Maks. startgewicht: ? 18.733 kg
Oandriuwing: ien Pratt & Whitney J57-P-37A-Turbojet ien General Electric F118-GE-101-Turbofan mei 84,5 kN
Topfaasje: 794 km/o 805 km/o
Krúsfaasje: ? 690 km/o
Tsjinstplafond: 21.335 m 21.212 m
Maks. fleanhichte: ? 27.430 m
Fleanberik: 4.635 km 10.300 km
Fleantiid: ? 12 oere
Bemanning: 1 piloat 1 piloat
Bewapening: gjin gjin

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]