Springe nei ynhâld

Liudolf fan Breunswyk

Ut Wikipedy

Liudolf fan Breunswyk (sa. 100323 april 1038) wie in Fryske greve út de 11e iuw dy't hearske oer Mid-Fryslân. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de Brunoanen-dynasty.

Liudolf wie in telch út in aadlik skaai ôfkomstich út Nedersaksen, yn Dútslân. Hy wie in soan fan Bruno I (Greve fan Derlingao) en Gisela fan Swaben. De lettere Roomske keizer Hindrik III wie syn healbroer.

Hy troude mei Gertude en hja krigen fjouwer bern. Yn 1024 waarden de Fryske greefskippen Eastergoa, Sudergoa en Westergoa formeel oan him tawiisd. Hy soe oant syn dea de Fryske gebieten bestjoere en nei him noch twa generaasjes Brunoanen. Op hokker wize de Brunoanen oan harren greefskippen kamen, is ûnbekend alhoewol't der wol in teory is dy't der fan útgiet dat Liudolf al earder mei geweld de hearskippij oer Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de greven fan Hollân ûntnomd hat. Liudolf hie in dochter Matilde dy't troud wie mei kening Hindrik I fan Frankryk.

Echte feitlikheden út it libben fan Greve Liudolf binne net bekend. Hy ferstoar yn 1038, doe't er mei Koenraad II in reis nei Itaalje makke en it selskip troch sykten teistere waard. Hy waard opfolge troch syn soan Bruno II.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert, 2000.