Matilde fan Fryslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Matilde fan Fryslân (ek wol: Mathildis) (1024- 1044) wie de twadde frou en de earste keninginne fan Hindrik I, kening fan de Franken.

Sy wie in dochter fan Liudolf fan Brunswyk en fan Gertrudis fan Egisheim. Nei it ferstjerren fan syn ferloofde Mathildis fan Franken, in dochter fan Koenraad II (dy't noch mar seis jier wie), trout Hindrik I fan Frankryk yn 1034 mei Mathildis fan Fryslân (hja wie doe tsien jier). Mathildis wurdt yn 1044 mem fan in dochter fia in keizersneed, mar beide komme dêrnei koart efterinoar te ferstjerren. Mathilde waard yn de basilyk fan St.Denis byset, mar fan har grêf is neat oerbleaun.

Hendrik troude opnij mei Anna fan Kiev.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen