Liu-bo

Ut Wikipedy

Liu-bo is in Italjaanske fjochtkeunst dy't syn oarsprong yn Sisylje hat.

Oarsprongen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde keunst fan de paranza, dat fan it hantearje fan de stôk om oan te fallen of om te ferdigenjen, waard yn Sisylje iuwenlang fan heit op soan trochjûn. In protte hoeders wienen masters yn dy dissipline, en faak waarden hja útdage ta in duel om earekwestjes op te lossen. Yn 'e lêste jierren waarden de regels kodifisearre en kaam de sport yn 'e moade en waard dy troch CSEN (Nasjonaal Edukaasje Sportsintrum) erkend.

De stôk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stôk is makke fan olivebeamhout, fan bittere oranjekleurige beam of fan de lysterbeibeam. De stôk as in basis fan ferskate techniken kin yn ien of beide hannen hâlden wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]