Lev Kamenev

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lev Kamenjev 1938

Lev Borisovitsj Kamenev (Лев Борисович Каменев) (Moskou, 30 july 1883 - Moskou, 25 augustus 1936) wie in Sovjet-Russyske politikus. Hy hjitte eins “Ronsenfeld”. Kamenev wie ôfkomstich út in Joadske famylje. Kamenev slute him oan as studint by de Russyske Sosjaal Demokratyske Arbeidersparty (RDSAP. Yn 1903 waard hy lid fan de Bolsjewistyske fleugel fan de party.

Kamenev wurke dêrnei as redakteur foar de “Pravda” en de “Sotsial-demokrat”. Yn 1914 waard Kamenev nei Sibearje ferbanne. Nei de febrewarisrevolúsje fan 1917 kaam Kamenev frij en waard hy lid fan de Sovjet fan Sint-Petersburch. Nei de oktoberrevolúsje waard hy foarsitter fan it Sintrale Utfierende Komitee fan de Sovjets en waard dêrmei de lieder fan Sosjalistysk Ruslân. Hy moast al gau belies jaan sadat Jakov Swerdlov him op folgje koe.

Yn 1919 waard Kamenev ien fan de fiif leden fan it Politburo fan de Russyske Kommunistyske Partij, sa neamde de Bolsjewistyske partij harsels. Tegearre mei Grigori Zinofjev en Jozef Stalin foarme hy in trijemanskip rjochte tsjin Leon Trotski. Yn 1925 waard it wer oars en gie hy in ferbûn oan mei Zonofjev tsjin Stalin. Mar yn 1926 wûn Stalin de machtstriid yn de partij en waard Kamenev degradearre ta kandidaat-lid fan it Politburo. Fan 1926 oant 1927 wie Kamenev ambassadeur yn Itaalje. Nei de moard op Sergej Kirov, yn 1934 waarden sawol Kamenev as Zinovjef beskuldige fan dizze moard. Se waarden feroardield ta tsien jier finzenisstraf. Yn 1936 waard Kamenev ta de dea feroardield omdat hy lid west hawwe soe fan in kûppoging. Yn 1988 waard bekend makke dat alle beskuldigen fan doe ûnterjochte wienen.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen