Laweiswyk

Ut Wikipedy

De Laweiswyk wie in wyk yn de gemeente Smellingerlân. It wie ien fan de wiken eastlik fan Drachten. De Laweiswyk rint lâns de Knobben nei de Huchten oan De Skieding.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Laweiswyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Laweiswijk.