Krystfloed (1717)
Appearance
Yn in swiere noardwesterstoarm op 25 desimber 1717 ûntstiene oerstreamings yn Noard-Nederlân en Noard-Dútslân oant de Deenske grins ta. Hiel Noard-Grinslân strûpt ûnder en sels yn de stêd Grins stiet tsientallen sintimeters wetter. Yn Delfsyl brekt it westlik diel fan de wâl troch en rinne huzen, it fort en de tsjerke ûnder wetter. Ek yn East-Dongeradiel brekke ûnder oaren de diken fan it Dokkumer Grutdjip en ûntstie in soad skea.
Op lêst fan de Steaten wurdt der ûndersyk dien nei de skea en it tal slachtoffers. Der binne tûzenen slachtoffers. Ek tsientûzenen kij, hynders, bargen en skiep fersûpe, allinne al yn Grinslân. It die bliken dat der yn Fryslân 108 en yn Grinslân 2.276 minsken it libben ferlern hiene.