Kristus-Keningtsjerke (Antwerpen)

Ut Wikipedy
Kristus-Keningtsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
plak Antwerpen
adres Jan De Voslei
koördinaten 51° 11' N 4° 23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Antwerpen
patroanhillige Kristus-Kening
Arsjitektuer
arsjitekt Jos Smolderen
boujier 1928-1930
boustyl Art deco
Kaart
Kristus-Keningtsjerke (Antwerpen)
Kristus-Keningtsjerke

De Kristus-Keningtsjerke is in parochytsjerke yn 'e wyk Kiel fan 'e Belgyske stêd Antwerpen. De monumintale tsjerke stiet oan 'e Jan De Voslei yn it sintrum fan 'e wrâldútstalling fan 1930.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke tsjinne by de wrâldútstalling as museum foar de Flaamske keunst. Dêrnei waard it gebou in parochytsjerke. It gebou waard ûntwurpen troch Jos Smolderen yn in moderne romaansk-byzantynske styl en waard tusken 1928-1930 boud.

Ynterieur.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich hat de tsjerke slim te lijen hân, sadat de oarspronklike ramen fan it gebou net mear oanwêzich binne. De hjoeddeiske ramen binne fan Armand Calders en fan nei de oarloch.

De toer is yn 1975 ynkoarte mei't de oarspronklike bekroaning brekfallich waard.

Sûnt 1988 is it gebou in beskerme gebou.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1930 troch Klais út Bonn boud. Dêrnjonken hat de tsjerke ek in koeroargel fan 'e Dútske oargelbouwer Stevens.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]